Oekraynske famylje werom yn Earnewâld foar de krystdagen

Dizze Oekraynske famylje is wer byinoar yn Earnewâld
Krysttiid yn Fryslân is foar ien Oekraynsk flechtlingegesin yn Earnewâld wol hiel spesjaal. Yn septimber moasten se werom nei har lân. Mem en âldste dochter bleaune hjir achter. Gelokkich slagge it om foar de krystdagen allegear wer byinoar te wêzen.
Dmytro en Iryna Kuznetsov komme út Marioepol. Beide wurkje se op de rjochtbank. Doe't yn febrewaris fan dit jier de earste Russyske bommen op harren stêd foelen, binne se flechte - Dmytro, Iryna, harren trije bern en mem Nadya. In kollega-rjochter út Amsterdam stelde syn fakânsjehûske op It Wiid yn Earnewâld beskikber, om ûnderdak te jaan oan de Oekraynske famylje.
Oer de famylje Kuznetsov en oare Oekraynske flechtlingen yn Aldegea en Earnewâld makke Karen Bies yn novimber 2022 de FryslânDOK 'Nei de oarloch gean ik nei hûs'.
Famylje Kuznetsov, simmerdeis yn Earnewâld © Jorrit Meinsma
Nei in healjier moast Dmytro werom nei Oekraïne foar syn wurk. As rjochter is hy yn tsjinst fan de steat. Syn stêd Marioepol is foar in grut part ferneatige troch de oarloch. Dmytro waard oerpleatst nei de relatyf feiligere stêd Zhytomyr. Tegearre mei syn frou Iryna en de twa jongste bern gong er yn septimber werom nei Oekraïne.
Oekraynske famylje nimt ôfskied fan âldste dochter © Dirk Hofstede
Aldste dochter Nastya (11 jier) bleau achter yn Earnewâld, tegearre mei beppe Nadya. Nastya hie it sa nei it sin op skoalle yn Burgum, dat se hjir bliuwe woe.
It wie in tryst ôfskied, mar dochs it bêste beslút, seit mem Iryna: "Wy lieten har efter yn in goed lân, mei de soarch fan ús mem. Mar we soene ús dochter en ús mem fansels bot missen."
Yn Zhytomyr, in stêd westlik fan Kiev, wie it minder feilich as dat se hope hiene. Heal septimber en begjin oktober foelen ek dêr in protte bommen en raketten. It loftalarm klonk alle dagen. De elektrisiteit foel út, en dêrtroch ek de foarsjenning fan drinkwetter en ferwaarming fan de huzen, fertelt Dmytro.
Nadya en Sofia - Kryst yn Earnewâld © Dirk Hofstede
Gelokkich slagge it Dmytro yn desimber om fakânsje te nimmen fan syn wurk. Nei trije moanne yn Zhytomyr koene se foar de krystdagen weromkomme nei Earnewâld, by dochter Nastya en beppe Nadya. Dêr fiere se no mei de hiele famylje de krystdagen en nijjier.