Oekraynske tsjerketsjinst yn Donkerbroek: "Bidde foar 'mir', de hoop op frede"
Mei in boadskip fan frede hat in Oekraynske dûmny sneintemiddei yn syn eigen taal in preek hâlden yn de Laurenstsjerke fan Donkerbroek.
It idee wie om de Oekraynske flechtlingen dy't dêr opfongen wurde in krysttsjinst oan te bieden. It is de earste kear dat dat dien is yn Nederlân. Ien fan de inisjatyfnimmers is predikant Wim Beekman. Hy koe net alles ferstean, mar wurden as 'terrorist' en 'mir' (frede) kamen wol oer.
"Ik kan me ook haast niet voorstellen dat je hier ontheemd kerst viert en dat je zingt van: Ere zij God, vrede op aarde, in mensen welbehagen, dat je dan ook niet tegelijk denkt aan je thuisland. Daar zitten inderdaad terroristen en is er een oorlog. En dat je denkt aan 'mir', de hoop op vrede."

Takomst foar Oekraïne
Der wienen ek twa sjongeressen en in bernekoar. Nataliia Gryshchenko is profesjoneel sjonger en learaar op in muzyk- en keunstskoalle yn Oekraïne. Sy is hjir al tsien moannen en se wurket op it Stellingwerf College. Se sjocht noch wol in takomst.
"Ik hoopje en bid alle dagen foar frede. Ik leau yn God en dat dy ús helpt dat der frede foar myn lân komt. En dat úteinlik alle minsken gelokkich wêze sille en wer werom komme nei hûs", sa sei Gryshckenko nei de tsjinst.
De tsjinst yn it Oekraynsk is opnaam en wurdt mei de krystdagen troch de Fryske tsjerken ferspraat.