Oekraynske krysttsjinst foar flechtlingen yn tsjerke fan Donkerbroek
De Laurenstsjerke yn Donkerbroek is takom snein it dekôr fan in krysttsjinst foar Oekraynske flechtlingen. De tsjinst wurdt opnaam en is dêrnei iepenbier te besjen.
It idee kaam fan in frou út Twizel. Sy woe in krysttsjinst oanbiede oan de Oekraynske flechtlingen dy't dêr opfongen wurde. Se naam kontakt op mei dûmny Wim Beekman en sa begûn it baltsje te rôljen.
Krystferskes en in bernekoar
Beekman kaam út by in oare dûmny, Jouke Droogsma, dy't in soad ûnderfining hat mei it opfangen en de begelieding fan Oekraïners. Fia syn kontakten waard der in Oekraynske foargonger fûn dy't ree wie om de tsjinst te fersoargjen.
"It wurdt in frij ienfâldige tsjinst mei krystferkes", leit Droogsma út. "Fierder is der in bernekoar dat begelaat wurdt troch profesjonele sjongeressen, sil der in organist meidwaan en sil der wat barre mei gebeden."
Gewoanwei wurde de krystdagen by de Oekraynske ortodokse tsjerke begjin jannewaris fierd. "In dit geval heeft de metropoliet, zeg maar de bisschop, toestemming gegeven aan de ontheemden om het feest dan maar te vieren bij het volk waar ze verblijven", seit Beekman.
Ek op YouTube te sjen
Snein sil de tsjinst yn Donkerbroek opnaam wurde. It is gjin iepenbiere tsjerketsjinst dêr't eltsenien nei ta kin. "It giet benammen om de opname", seit Droogsma. "It wurdt yn parten opnaam, want dat makket it wat makliker om it te montearjen."
Beekman fynt it in bysûnder projekt. "Volgens mij is dit volstrekt uniek. Ik heb het ook doorgegeven aan mijn collega's in den lande: als er Oekraïners zijn die een Oekraïens kerstfeest in Nederland mee willen vieren, ga naar die link op YouTube en dan kun je daar gewoon aan deelnemen."
Sadree't de fideo hielendal montearre is, komt hy op YouTube te stean.