Hekman en Verweij winne earste maraton op natueriis, Friezen Visser en Bosma twadde
Gary Hekman hat de earste maraton op natueriis yn Burgum wûn. Harm Visser fan De Westereen waard twadde. By de froulju wie Maaike Verweij de bêste, folge troch Merel Bosma.
By de manlju besochten ferskate riders om fuort te kommen, mar eins wie al frij gau dúdlik dat it útdraaie soe op in massasprint.
Harm Visser siet der yn dy sprint goed by, mar op Gary Hekman stie gjin maat. Hekman waard goed ôfset troch syn treintsje en ried op de macht nei de finish.
De finish by de manlju
"It is fantastysk om hjir in wedstriid te riden", sei Visser nei ôfrin fan de earste maraton op natueriis. "Ik hie him sa graach winne wold." Visser hie op it lêst lykwols net mear de krêft om Hekman ek noch foarby te gean.
Harm Visser oer de wedstriid
By de froulju wie in hurde wedstriid en al gau heakken de earste rydsters ôf. Oan de foarkant slagge it gjinien om by it peloton fuort te kommen. Ek al besochten bygelyks Esther Kiel, Lauro Lorenzato en Eline Jansen it wol.
It kaam dus oan op in sprint. Verweij wie dêryn de fluchste, foar Merel Bosma fan It Hearrenfean en Elsemieke van Maaren.
De finish by de froulju
Teloarsteld oer iiskwaliteit
Nei ôfrin wie Bosma net te sprekken oer de kwaliteit fan it iis: "Wij kwamen hier aan en dachten wat is dit? Er zaten allemaal steentjes in het ijs. Dit is bijna niet te doen."
Dochs finishte se as twadde, mar dêr wie se net tefreden mei. "Je komt hier voor de winst, maar Maaike was echt oppermachtig. Hier moet ik genoegen mee nemen. Ik ben gewoon geen sprinter en heb in de koers echt wel wat gedaan."
Merel Bosma wie net bliid mei de iiskwaliteit
Willem Provily fan de iisbaan fan Burgum sjocht mei in goed gefoel werom op de maraton. "Ik ha echt genoaten. Ik bin grutsk dat we dit mei syn allen berikt hawwe."
Neffens Provily kamen der tusken de 3.000 en 4.500 minsken op de maraton ôf. "Dat is geweldich."
Organisaasje tefreden oer maraton op natueriis