Omrop Fryslân

Burgumer iisbaan hat goede papieren foar earste maraton op natueriis

Leit der genôch iis?
© ANP
Woansdeitejûn sil nei alle gedachten de earste maraton op natueriis yn it seizoen 2022/23 ferriden wurde, dat stelt Willem Hut fan reedrydbûn KNSB. Wêr is noch net bekend, mar Burgum hat goede papieren.
Om in maraton organisearje te kinnen, moat der op syn minst trije sintimeter iis lizze. Nei alle gedachten sil dat der woansdeitemoarn op guon plakken wol wêze.
"Burgum en Noordlaren lizze op dit stuit op kop", stelt Hut. Ek yn Haaksbergen en Nieuw-Buinen soe it de goede kant op gean mei it iis. De iisklups fan dy plakken hawwe in fûleindige striid om de earste maraton binnen te heljen.
De kâns dat ien fan ferienings woansdeitejûn in maraton organisearje kin, is neffens Hut 80 prosint. Moarns wurdt it iis op de ferskillende lokaasjes metten. As der genôch iis leit, kin der foar dyselde jûn in maraton útskreaun wurde.
Wolst witte hoe't it derfoar stiet mei it iis yn Burgum? Harkje dan woansdei flak nei 07.30 oere live nei Omrop Fryslân radio, wy binne live by it mjitten fan it iis yn Burgum.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.