Omrop Fryslân

Roeie op iisbaan Nijlemmer kin net trochgean, want der leit iis op

In laachje iis op de iisbaan fan Nijlemmer, dus gjin plak om te roeien
© Lenus van der Broek
It wie sa'n moai idee: frieze docht it hast net mear, dus wêrom net de iisbaan fan Nijlemmer brûke foar in roeiwedstriid? Hjoed soe it heve, mar nee: krekt dizze dei leit der iis.
Roeiferiening Skylla fan Wolvegea wol der op 29 desimber in wedstriid hâlde. Om dat echt foarelkoar te krijen, moatte der earst fan alles útsocht wurde, seit Hendrik Fokkema fan de roeiferiening.
"Wêr kinne we it bêste ynstappe en útstappe bygelyks? Om dat út te finen, soenen we hjoed hinne mei de boaten foar wat proefrûntsjes. Ek om te sjen wêr't de eventuele ûndjipten sitte."
De iisbaan fan Nijlemmer
© Lenus van der Broek
Ienkear oankaam by de iisbaan die bliken dat der nei in kâlde nacht al in tin laachje iis op de baan lei. "Foar de iisklup is it moai. Sy binne alle jierren yn de race om ien fan de earste wedstriden op natueriis te organisearjen, dus sy kinne dit wol brûke."
De roeiers wachtsje in nije kâns ôf en hoopje dat der op 29 desimber gjin iis leit, sadat de wedstriid dan wol trochgean kin.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.