Hurd boadskip foar iisbûn: “Geregeld winterwaar bestiet allinnich noch yn ús hollen”

Waarman Gerrit Hiemstra © ANP
Gerrit Hiemstra hat as nije Friesche IJsbond-waarman gjin fleurich boadskip foar de oansletten iiswegesintrales. "It klimaat dat wy yn ús jonge jierren hiene, mei geregeld winterwaar, bestiet allinnich noch mar yn ús hollen."
Hiemstra sei dat sneon op de jiergearkomste fan it bûn yn Ljouwert. De statistyske realiteit is neffens Hiemstra dat it trochsneed tal dagen mei froast yn Fryslân al sûnt 1951 ôfnimt.
"Allinnich by útstjitters nei ûnderen krije je noch moai winterwaar mei in stevige iisflier. Sorry."
It komt hieltyd minder faak foar dat der op natueriis riden wurde kin © Omrop Fryslân
De waarman hie der noch wol in boadskip by: wa't fan natueriis hâldt, docht der goed oan om gau fan it gas ôf te gean, in elektryske auto te riden en fegetarysk te iten.
"De feroaring fan de lêste jierren kinne we net weromdraaie, mar as de hiele wrâldbefolking maatregels nimt, kinne je de gefolgen fan de klimaatferoaring wol beheine", heakke Hiemstra der oan ta.

Begrutlik

It begruttet de waarman sels ek, want hy mei graach yn syn wenplak Balk de izers ûnderbine op De Luts. Hy wit noch krekt wannear't dat foar it lêst koe. "Yn febrewaris 2020 koene we fjouwer dagen ride op De Luts, mar net op de Sleattemer Mar, want dy wie net te begean. As it sterk iis is, dan moatte je der by wêze."
In reedrider ûnder de sinne © Omrop Fryslân
Ek yn in tiid mei minder natueriis hâlde de iiswegesintrales harren funksje, is Hiemstra fan betinken. "De funksje fan it iisbûn wurdt allinnich mar wichtiger. As it sterk iis is wol eltsenien it iis op en dan is it ekstra wichtich dat der minsken binne dy't der ferstân fan hawwe en oanjaan kinne oft it feilich is."
Waarman Gerrit Hiemstra
Hiemstra sjocht ek noch in oare mooglike rol foar de iiswegesintrales. De waarman soe graach sjen dat se harren oanslute by pleatslike enerzjykoöperaasjes foar it opwekken fan duorsume enerzjy en harren dêrfoar ynsette.

Lesmateriaal

De Friesche IJsbond is ek drok oan de gong mei it ûntwikkeljen fan lesmateriaal foar basisskoallen om bern te learen wat natueriis is. Sneontemoarn waarden de earste trije animaasjes presintearre, makke troch studinten fan ROC Friese Poort út Drachten.
Liesbeth Rijpkema fan de Friesche IJsbond oer it lesmateriaal foar basisskoallen
De Fryske iiswegesintrales wolle de animaasjes ek brûke om de bern te wizen op de risiko's fan natueriis.