Jorrit Schreuder út Kiev fernimt dat in raket flakby komme kin: "It wie: kabam!"

© Jorrit Schreuder
Der is hieltyd faker gjin ferwaarming en ek wetter is geregeld in probleem. Dochs is Fries om utens Jorrit Schreuder net fan doel om Kiev te ferlitten. "Wy rêde it noch hieltyd." Mar de temperatueren sakje wol en it is de fraach hoe lang soks fol te hâlden is.
Nei de raketoanfallen fan ferline wike dy't behoarlik fûl wiene, hat it de rest fan de wike ridlik rêstich west. Mar de enerzjyfoarsjenning hie der wol bot fan te lijen yn Kiev.
Yn it tsjuster © Jorrit Schreuder
Sa siet ek de famylje Schreuder sa'n 16 oeren sûnder ferwaarming en ljocht. Doe't it ienkear werom wie, gie it ek rap wer better.
Der wurdt hurd wurke troch de technisy yn it lân, fertelt de Fries om utens. Der wurdt konstant trochwurke yn shifts. Fierder steane oeral yn de stêd generatoaren dy't de stroomfoarsjenning geande hâlde, foar bygelyks skoallen.

Alles ynrjochte op útfal

De famylje Schreuder hat sels ferwaarmingseleminten yn 'e hûs dy't op oalje wurkje, foar it gefal dat nedich is.
Ynternet is der ek faak net, dat is foar de nijsfoarsjenning wol ferfelend. En yn de lift fan it flatgebou binne allerhanne needfoarsjenningen foar it gefal dy útfalt. Alles is ynrjochte op it útfallen fan stroom.
Fries om utens Jorrit Schreuder sit sûnder ferwaarming yn Kiev
Fierder liket it libben wol in bytsje troch te gean. Al sjocht it gefaar altyd om 'e hoeke. Dat jout in nuver gefoel.

"It is in lotterij"

Feline wike wie Schreuder by in garaazje om syn winterbannen om de auto te krijen. Op it momint dat hy dêr wie sloech der flakby in raket yn. "It wie: kabam!"
Benaud wie hy net, mar dan is it wol sa'n momint dat hy 'm realisearret dat it ek samar misgean kin. "It is in lotterij, je witte it noait." Dan komt der wol wer de soarch oer wêr't syn frou en bern krekt binne. De famylje siket fuortenfaalks kontakt mei-inoar.
Blikken en doppen foar soldaten © Jorrit Schreuder
Yn it flatgebou dêr't de famylje Schreuder wennet, wurde doppen en blik byinoar garre. Dat is foar de soldaten. It blik wurdt brûkt om kearzen yn te meitsjen en de doppen om protezen te meitsjen.
Sa binne de Oekraynske minsken hieltyd dwaande mei ferskate saken om te oerlibjen en leauwe se yn de oerwinning.
Yn de snie © Jorrit Schreuder
Hoewol't de omstannichheden dreger wurde, is Schreuder noch net fan doel fuort te gean. As it folle slimmer wurdt, dan sil it wol in opsje wurde, mar no rêde sy it noch wol.

It duorret en duorret

Hoe't de takomst der út sjocht, wit Schreuder net. Hy hearde op it nijs yn Oekraïne dat de Russen nije bommewerpers oan it opbouwen binne.
Gjin wetter út de kraan © Jorrit Schreuder
Der wurdt ek sein dat it wapenarsenaal hast op is oan Russyske kant en it noch mar tsien dagen duorje kin. "Mar dat seine sy begjin dit jier ek. En it duorret no al njoggen moanne. "