Deistich libben yn Kiev giet troch, ek nei tsientallen raketoanfallen: "Ferset giet troch"

© Jorrit Schreuder
"Is dit ûnwaar?", frege de dochter fan Jorrit Schreuder doe't se dizze wike de doffe dreunen fan de eksploazjes hearde by Kiev. "Nee", sei Schreuder. "Dit binne raketten."
Se hearden de eksploazjes tiisdei yn de fierte. "We seagen dat de earste eksploazjes midden yn de stêd wienen." De doelen fan de raketten binne benammen ynfrastruktureel. "We hienen earst gjin ljocht, want se moasten alles reparearje. Letter hienen we wer ljocht, mar gjin wetter."
De ferwaarming die it ek net yn it hûs fan Schreuder, mar gelokkich wie it noch net sa kâld. As dat fan it winter wer in probleem wurdt, sil de famylje Schreuder deroer neitinke om it gebiet dochs te ferlitten. "Mar oant no ta liket dat goed."
Yn Fryslân wenje in soad Oekraynske flechtlingen, mar wylst de oarloch noch yn folle gong is, wenje der ek noch hieltyd Friezen yn Oekraïne. Jorrit Schreuder fan Beetstersweach is sa'n Fries om utens. De kommende tiid docht er alle wiken syn ferhaal by ús.
Flechtsje foar raketten, dêr tinkt Schreuder net oan. "It gefaar is hjir net direkt. As we yn it midden fan de stêd wenje soenen, dan hie it oars west. Mar de kâns dat hjir wat bart, is hiel lyts", seit er nochter. "Soms hast wol wat in nuver en ûnrêstich gefoel. Dan rjochtsje ik mar wer in sjitgebedsje oan de leave Heare. Dat gefoel bliuwt."
As it twa of trije knalle binne, dan witst wol hoe let oft it is.
Jorrit Schreuder
Want se hearre de eksploazjes dus wol. "As it wer begjint, dan witst net oft it raketten of frachtweinen binne. Alle kearen as ik wat hear, dan sjoch ik even nei bûten ta: is it frachtwein dy't hjir wat rommel fuort hellet, of is der echt wat oan 'e hân? Mar as it twa of trije knalle binne, dan witst wol hoe let oft it is."
Jorrit Schreuder yn Kiev: raketten falle wer, mar de winkels draaie gewoan troch
It libben giet tagelyk ek troch. De winkels binne foar it grutste part fol, fertelt Schreuder. "Kinst hast alles wer krije, de winkels binne iepen. Probleem is wol dat de winkels ek lêst ha fan stroomútfal, as dy ynfrastruktuer rekke wurdt. Dan is alles tsjuster. De grutte winkels ha eigen aggregaten, dus dy draaie rêstich troch. Mar by oaren falt it ljocht út en docht de kuolling it net mear."
Lytsere saakjes ha noch mear lêst fan stroomútfal. "Ik wie even yn it winkelsintrum. Dy lytsere winkels binne wol iepen, mar dogge gjin saken, want de kassa's dogge it net."
"In neef fan myn frou is frachtweinsjauffeur", fertelt er. "Dy rydt mei allegear guod yn in lytse frachtwein, want it ferkear giet ek allegear troch. By de grins is it wol dreech, want dêr steane de frachtweinen soms wol in wike stil. It duorret in hiele tiid foardat se dertroch komme."
By Kiev komt it guod wol oan. Tichterby de frontliny binne der mear problemen: "De frijwilligers dy't dêrhinne rieden, kamen âlde beppes lâns de dyk tsjin. 'Ha jim ek iten', fregen se. Se ha dêr neat, se moatte it krije fan oaren."
Jorrit Schreuder mei syn gesin yn Oekraïne © Eigen foto
Dat jildt ek foar Cherson en omkriten. Dy stêd is ferline wike befrijd, mar dat is mar in lyts stapke, seit Schreuder. "It wie fansels feest, in echte boppeslach. Mar se ha noch in hiele lange wei te gean. Dêr is in hiel soad stikken makke: se ha gjin gas, gjin elektrisiteit en gjin ynternet."
Schreuder priizget him dêrom ek lokkich yn syn situaasje. "As wy it hjir min ha, dan tinke we oan Cherson. Yn ferliking dêrmei ha we it hjir hiel lúks. Mar elkenien is wol hiel bliid dat Cherson wer frij is, dat is in hiele boost. We ha it swier, mar it ferset is der."