Mear Oekraïners yn Warkum, It Soal wurdt fyfde opfanglokaasje Súdwest-Fryslân

Yngong fan It Soal yn Warkum © Gemeente Súdwest-Fryslân
Rekreaasjepark It Soal yn Warkum wurdt opfangplak foar 120 Oekraynske flechtlingen. Op dit stuit ferbliuwe der ek al tydlik Oekraïners yn De Wymerts yn Warkum.
Op it park wurde 31 sjalets fan ferskate grutten yn gebrûk naam foar bewenning, kantoar en befeiliging. Op dit stuit wurde yn Warkum tariedingen troffen om de lokaasje klear te meitsjen foar ûntfangst. De gemeente hopet yn jannewaris de nije tydlike ynwenners wolkom te hjitten. Ynwenners fan Warkum binne mei in brief ynformearre oer de plannen.
Der binne al fjouwer oare tydlike ferbliuwplakken foar Oekraïners yn de gemeente Súdwest-Fryslân: de Galamadammen yn Koudum, Amicitia yn Snits, Nij Ylostins yn Drylts en dus de Wymerts yn Warkum. Fierders binne der ek noch gruttere partikuliere opfanglokaasjes yn Hylpen, De Gaastmar en Heech. Yn Súdwest-Fryslân wenje yn totaal fiifhûndert flechtlingen.
Noch alle dagen komme Oekraynske flechtlingen nei Nederlân. Om't flechtlingen út Oekraïne net de asylproseduere yngean, hawwe gemeenten in wichtige rol yn it regeljen fan de opfang. Elke Veiligheidsregio hat sûnt oktober de opdracht om tûzen ekstra plakken yn te rjochtsjen, boppe-op de twatûzen dy't der al wiene.