Fryske ‘taksytsjinst’ hâldt op: 447 flechtlingen ophelle út Oekraïne

Arnaud Dijkstra is de driuwende krêft achter de Fryske Riders © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Hast 450 Oekraïners hat de frijwilligersorganisaasje Fryske Riders nei Nederlân brocht. Trije kear yn de wike rieden auto's fol mei helpguod nei it lân, en namen se flechtlingen foar it oarlochsgeweld mei werom nei Nederlân. No komt der foarearst in ein oan de 'taksytsjinst'.
De oarloch is noch net foarby fansels. "Mar de akute krisissituaasje dêr't we yn febrewaris ynsprongen, is no hiel oars", seit Arnaud Dijkstra. Hy is de driuwende krêft achter de Fryske Riders. Ofrûne snein wie de lêste rit mei flechtlingen.
Mar dat betsjut net dat it wurk foarby is, fertelt Dijkstra. "Want it giet net allinnich om it opheljen fan minsken, mar ek om it bringen fan guod. Dêrfoar ha we noch sân ritten dit jier."
Yn totaal hat de frijwilligersorganisaasje al sa'n 550 kúb oan guod dy kant útbrocht. "Doe't de oarloch begûn, wie hast alles op. We ha antibioatika hinne brocht, oare medisinen ek. Oeral wie fraach nei. Mar no sjochst in ferskowing fan medysk materiaal nei iten yn blik, winterklean en sliepsekken."
Guod dat de Fryske Riders nei Oekraïne brocht ha © Arnaud Dijkstra
Dy lêste sân ritten steane foar de kommende wiken pland. Mar miskien geane de Fryske Riders wol langer troch. "Dêr binne we noch net oer út, mar miskien wol oant en mei maart. Dat hinget der ek fan ôf hoe't de oarloch him ûntwikkelet."
Trochdat se yn de ôfrûne moannen sa'n soad flechtlingen ferfierd ha, ha Dijkstra en dy no ek in soad kontakten mei Oekraïners yn Nederlân. "Ien fan harren hat in omke oan it eastfront. Sa kinne we ek goed sjen wêr't ús guod hinne giet, want we sjogge it gewoan werom yn filmkes út de 'loopgraven'."
Oan it begjin binne minsken noch wat skruten, mar geandewei de rit komme hiele ferhalen los.
Arnaud Dijkstra
Dat kontakt mei de Oekraïners is bysûnder foar Dijkstra en alle frijwillige sjauffeurs. Dy ha mei-elkoar 76 ritten makke, wêrmei't se 447 Oekraïners en tweintich húsbisten ferfierd ha. "Ast twa dagen lang minsken by dy yn in buske hast, dan krijst hiele ferhalen mei. Oan it begjin binne minsken noch wat skruten, mar geandewei de rit komme hiele ferhalen los."
Dy ferhalen meitsje djippe yndruk by de frijwilligers. "Se litte filmkes sjen fan wat der bard is yn harren strjitte of stêd. Dan ûntstiet der in hiele bân. In protte riders hâlde dêrnei ek kontakt mei de minsken."
Fryske sjauffeurs mei in tal Oekraynske flechtlingen © Friese Rijders voor Oekraïne
It besef sit der ek goed yn dat it hielendal net sa fier fuort is. "In soad Nederlanners ride sa even 1.500 kilometer nei Frankryk ta foar in fakânsje. As je 1.500 kilometer nei it easten ride, dan sitte je oan de grins mei Oekraïne.
En de riders bliuwe dus aktyf. Net mear yn njoggenpersoansbuskes mei flechtlingen, mar yn gruttere weinen mei helpguod. En dat draait folslein op frijwilligers en jeften. "As je elkenien meitelle, dan binne der tûzenen minsken dy't holpen ha."
Dat bliuwt dus nedich, leit Dijkstra út. "As ien nochris in yngong hat by de oerheid foar in moai potsje jild, dan soe dat moai wêze. Mar fierder mei elkenien jild en guod skinke, fan alles is mooglik."