Omrop Fryslân

Friese Rijders siket ambulânse om ferwûne Oekraynske soldaten op te heljen

Arnaud Dijkstra
© Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Om't de sikehûzen yn de grinsregio's mei Oekraïne fol reitsje, is frege om ferwûne soldaten mei te nimmen nei Nederlân. De Friese Rijders besiket in ambulânse te regeljen om se op te heljen.
De organisaasje, dy't draait op frijwilligers, hat noch wol ferlet fan kollega's. Se ride al in pear moanne op en del nei Oekraïne.
Arnaud Dijkstra is de driuwende krêft achter de Friese Rijders. Hy hat al in pear kear guod nei Oekraïne ta brocht. "Wy ride op twa fêste flechtlingekampen. As dy genôch hawwe en der is guod oer, dan bringe sy it sels nei it easten fan it lân."
Arnaud Dijkstra oer syn aksje
Dijkstra krige dizze wike wer foto's fan in sikehûs dêr't guod hinne brocht is. "Sa komt guod út Fryslân yn Oekraïne terjochte."

Se ha al 41 kear op en del west. "We hawwe pland om foar de simmer 60 ritten te dwaan. Yn it begjin seine wy: miskien is der takom wike frede, dan hâlde wy dermei op. Mar dêr liket it net op, dus wy geane troch."
Guod dat nei Oekraïne giet
© Omrop Fryslân, Casper Slotboom
"It is in tryste mylpeal. Je binne bliid mei alle ritten en alles dat je bringe kinne, en mei de flechtlingen dy't je mei werom nimme. Mar it is tryst dat it sa moat."

En no is der dus mooglik in nij doel: soldaten meinimme nei Fryslân. "Der komme hieltyd mear ferwûnen en de sikehuzen reitsje fol. Guon soldaten hawwe in komplekse operaasje nedich dy't dêr net helber is, of der binne gewoanwei gjin bêden mear foar." Stadichoan wurde dy soldaten 'útsutele' oer Europa. "Dy wolle wy ferfiere mei in eigen ambulânse."
Wy binne in partikuliere organisaasje, dus wy moatte it mei-inoar dwaan. Ik bin ek hiel tankber foar elkenien dy't in flesse-aksje, sponsorloop of in cupcake-aksje docht om it mooglik te meitsjen.
Arnaud Dijkstra
Samar is dat net klear. "Wy binne in partikuliere organisaasje, dus wy moatte it mei-inoar dwaan. Ik bin ek hiel tankber foar elkenien dy't in flesse-aksje, sponsorloop of in cupcake-aksje docht om it mooglik te meitsjen. Wy hawwe in opsje foar in ambulânse. En bedriuwen hawwe tasein motoarysk ûnderhâld dwaan te wollen."

En der is mear nedich as allinnich jild, jout Dijkstra oan. "Wy binne ôfhinklik fan jeften foar de disel, mar ek fan soarchpersoniel. Je helje net in blik brune beannen út it bûtenlân wei, mar minsken dy't soarch en omtinken nedich hawwe. Dêr moatte je goed foar soargje."
Friese Rijders
© Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Dijkstra, dy't wurket as beamseager, hat it der drok mei. Hy hat wiken draaid dêr't er mear as 50 oeren wurk foar Oekraïne yn die. "Mar it hat it hert, it hat de passy. It smyt ek wer enerzjy op. Wy fleane der gewoan yn."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.