Ekstra druk op gemeenten troch opfang Oekraynske flechtlingen

Oekraynske flechtlingen komme oan by Nieuw Mellens yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Gemeenten hawwe it drok mei de opfang fan Oekraynske flechtlingen. Yn in NOS-ûndersyk nei de earste ûnderfiningen melde acht op de tsien gemeenten dat de druk op de amtlike organisaasje tanaam is. Oar wurk bliuwt lizzen.
Tsientûzenen Oekraynske flechlingen ferbliuwe op dit stuit yn Nederlân.
Njoggen fan de achttjin Fryske gemeenten hawwe meidien oan it ûndersyk. Benammen de gemeente Ljouwert jout oan in soad druk te ûnderfinen. "Gemeente-amtners wurkje op de opfanglokaasjes. Dêrtroch kinne se harren net ynsette foar it reguliere wurk dat se oars altyd dogge."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De gemeente hat dêr op koarte termyn in oplossing foar fûn. "De druk op de gemeentlike organisaasje is sa grut dat we eksternen ynhiere om de organisaasje en it wurk op de opfanglokaasjes te dwaan."

Tekoart oan húsdokters

By de gemeente Ljouwert libje noch wol soargen as it giet om de druk op it ûnderwiis en de soarch foar de flechtlingen.
"It gebrek oan húsdokters yn ús regio is grut. Dat makket dat benammen de soarch foar de groep flechtlingen tige yngewikkeld is en in soad tiid ferget."
Grutste útdaging foar de gemeenten wie dat sy nei de start fan de oarloch yn sân hasten sels de opfanglokaasjes fine en ynrjochtsje moasten. Ek moasten der wenbegelieders, húsmasters en oar personiel fûn wurde.
Hiel oars as by de 'normale' asylopfang, wêrby't it Centraal Orgaan opvang asielzoekers (COA) de gebouwen en byhearrend kwalifisearre personiel foar syn rekken nimt.
We zijn aan het pionieren.
Wurdfierder fan steatssekretaris Van der Burg yn in reaksje
Yn de enkête fan de NOS waard ek frege nei wat de gemeente helpe soe om de opfang fan Oekraynske flechtlingen better regelje te kinnen. Hast alle Fryske gemeenten dy't reagearre hawwe, jouwe oan dat se mear dúdlikheid wolle.
Dúdlikheid oer rolferdieling, in finansjeel ramt en it útsicht op langduorjende opfang. "Wij zijn aan het pionieren", seit in wurdfierder fan steatssekretaris Van der Burg yn in reaksje.
De wurdfierder wiist derop dat it ministearje besocht hat gemeenten safolle mooglik te ynformearjen, ûnder oare mei in 'handreiking' dy't hieltyd fernijd waard.
Sûnt koart is der in Nationale Opvangorganisatie (NOO) dy't gemeenten helpe moat om it tal opfangplakken, as dat nedich is, fierder op te fieren.