Foarstelling Sintgelok oer it positive fan Sinteklaas: "Een ode aan de hulpsinterklazen"

Karel Hermans © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Sinteklaas komt ynkoarten wer nei Fryslân ta. Hy jildt as de goedhillichman, mar wat makket Sinteklaas no sa goed? Teätermakker en akteur Karel Hermans fan Tryater hat him dy fraach it ôfrûne jier steld. It resultaat: de foarstelling Sintgelok.
"Het gaat over het leven van Sinterklaas, maar ook over de hulpsinterklaas", fertelt Hermans. "Er wordt veel gesproken over Sinterklaas, we hebben de hele tijd ingezoomd op Zwarte Piet, of je het nou eens of oneens was."
"Ik dacht: het is wel iets dat leeft. Ik wilde er juist een positieve focus op leggen. Wie zijn al die witte mannen die hulpsinterklaas spelen in Fryslân?" De ferskate helpsinteklazen fan Fryslân komme del yn de foarstelling.
It giet om de âlde helpsinteklaas fan Ljouwert, fan Dokkum, fan Arum en ien dy't noch hieltyd helpsinteklaas is yn Aldemardum. Ek komt de iennige echte Sint Piter fan Grou.
Zij brengen het verhaal. Zij zijn de echte mensen.
Teätermakker en akteur Karel Hermans
Sy moatte der neffens Hermans by wêze. "Omdat zij het verhaal brengen. Zij zijn de echte mensen. Ik vind het gewoon heel interessant om te zien wie de mensen achter die hulpsinterklazen zijn."
De teätermakker wie bot ûnder de yndruk fan alle ynterviews mei Fryske helpsinteklazen. "Dit is echt een ode aan de hulpsinterklazen en iedereen die de traditie hooghoudt."
Harry Wiersma © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Harry Wiersma wie jierrenlang de helpsinteklaas fan Ljouwert: "It Sinteklaasfeest is in hiel posityf feest. De measte minsken fine dat it in bernefeest is, dat fyn ik ek wol. Mar ik fyn it likegoed in feest foar de hiele maatskippij. It is in positive ynset nei de wrâld om ús hinne."
"Eltsenien kin op syn eigen wize genietsje fan Sinteklaas. Wy binne op de wrâld om dingen mei-inoar te dwaan." Neffens Wiersma is krekt it Sinteklaasfeest dêr geskikt foar.
De foarstelling past neffens Wiersma goed yn dizze tiid. "It is ek wichtich dat Sintgelok op dit stuit opfierd wurdt, wylst der sa'n soad yn de wrâld te dwaan is. It is in beaken fan mei-inoar wêzen, it lit prachtich sjen wat Sinteklaas yn de maatskippij betsjut."