Stiennen hollen yn Ljouwert fertelle ferhalen oer iensumheid

In holle fan it projekt Pratende Stiennen © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Iensumheid heart by it libben, eltsenien hat der wolris mei te krijen. Dat is it boadskip fan it projekt Pratende Stiennen fan de gemeente Ljouwert (Over de drempel) en City of Literature.
Op ferskate plakken yn Ljouwert binne hollen fan stien te finen oan gevels fan gebouwen, mei hjirby in QR-koade. Se hingje ûnder mear by dbieb, Campus Fryslân, Tryater en Tresoar. Nei it scannen fan de koade is in ferhaal oer iensumheid te hearren. Doel fan it projekt is it taboe oer iensumheid troch te brekken.
It projekt Pratende Stiennen is yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Harkje nei de reportaazje
"Faak tinke we dat iensumheid allinnich mar by âlderein foarkomt, mar dat is net sa", seit projektlieder Sytse Jansma. "Eltsenien hat der yn syn libben wolris mei te krijen. It heart by it libben."

Hielendal allinnich

Ien fan de skriuwers fan de ferhalen is Nicole van den Berg. Se hat in ferhaal skreaun oer in ynwenster fan Ljouwert dy't no healwei de tritich is.
Van den Berg: "Op haar zestiende kwam ze helemaal alleen vanuit Curaçao naar Leeuwarden te wonen en moest ze alles helemaal alleen opbouwen." Dat fielde hiel iensum, fertelt se. "Wat ik mooi vond om te zien, was dat ze na verloop van tijd helemaal niet bang meer was, omdat ze veel had meegemaakt."
Wike tsjin iensumheid
Fan 29 septimber oant en mei 6 oktober is it de wike tsjin iensumheid. Der wurdt fan alles organisearre om dit ûnderwerp besprekber te meitsjen.