Omrop Fryslân

Gefolgen stikstofútspraak ûndúdlik foar boubedriuwen: "Mar gelokkich gjin boustop"

Biense Dijkstra
© ANP
It is in nij haadstik yn it grutte stikstofdossier: de Ried fan Steat set in streek troch de saneamde boufrijstelling. De stikstof dy't by de bou fan projekten útstjitten wurdt, waard troch it kabinet tastien. Dat mei no net mear.
De útspraak komt foar Biense Dijkstra, direkteur fan Dijkstra Draisma, net út 'e loft fallen. "Dat net, we sieten hjir mei 'angst en beven' op te wachtsjen. De frijstelling wie foar ús tige noflik, dat de faze fan it bouwen net meirekkene hoegde te wurden by de stikstofútstjit. It joech romte om te bouwen, dat stiet no wer ûnder druk."
De frijstelling betsjutte dat de útsjit by de bou oan de ein fan it projekt kompensearre wurde moast. De Ried fan Steat giet dêr net mei akkoart en seit dat der by al it bouwen rekken holden wurde moat mei de stikstofútstjit.
Nijbou yn Ljouwert
© ANP
"Dit is een drama voor de bouw", is de earste reaksje fan Albert Anema. Hy is fan de Fryske ôfdieling fan Bouwend Nederland. "Dit betekent dat alle vergunningen in de toekomst veel strenger bekeken worden. Dat zorgt ervoor dat de rekening uiteindelijk bij de koper gepresenteerd wordt. Die moeten nu langer wachten op een huis, maar dat kost ook nog eens meer."
Johan Koster, de direkteur fan boubedriuw Koster, fynt de útspraak te koart troch de bocht, seit er. "En ik snap 'm ek net hielendal. Alle boubedriuwen sette krekt yn op enerzjyneutraal bouwen. Wy binne dwaande om dy omslach te meitsjen en dan krije wy it deksel op de noas."

Oanpasse

De gefolgen fan de útspraak binne foar Biense Dijkstra noch net dúdlik. "We moatte oantoane dat by de bou der mar in beheinde taname is fan de stikstof."
Dat moat mei in soarte fan toets en soarget foar in soad papierwurk en fertraging, seit er. "Dêr binne we oan wend rekke, it is ek wol te dwaan, as bedriuw past dy dêrop oan."
No falt it enerzjyneutraal bouwen ek stil en libje wy de kommende jierren yn âlde hûzen.
Johan Koster
Der binne yn de bou ferskate mooglikheden om de útstjit fan stikstof te beheinen, seit Dijkstra. "By de produkten dy't we no meitsje, ha we der al rekken mei holden dat we sa min mooglik stikstof útstjitte, en alles mei sa min mooglik bewegingen útfierd wurde kin. Dêr kinne je sels foar soargje. Mar dat slagget net altyd, kinst net alle projekten elektrifisearje."
Koster tinkt ek dat de útspraak negative effekten ha sil. "Troch it te ferbieden, redusearje je de útsjit net fuort. No falt it enerzjyneutraal bouwen ek stil en libje wy de kommende jierren yn âlde hûzen. Dat sjit ek net op, liket my."

Mear problemen foar Rânestêd

Dijkstra skat yn dat it noarden fan Nederlân der better foarwei komt as oare parten fan it lân. Hjir binne neffens him net safolle grutte projekten. "Mar de Rânestêd, grutte kearnen, en plakken by grutte Natura2000-gebieten wurde botter rekke. En dan benammen de grûn-, dyk- en wetterbousektor. Dy ha allinnich mar útstjittende middels."
Ek Anema foarsjocht benammen problemen by de gruttere bouprojekten. "Die zullen compleet stil komen te liggen. Je krijgt de stikstoftoets er niet doorheen bij een ambtenaar als het over grote projecten als een aquaduct gaat. Dat zullen we in Fryslân minder voelen, maar in het westen van het land gaat dat desastreuze gevolgen hebben."
Dijkstra sjocht noch wol in ljochtpuntsje: "Gelokkich is der gjin algemiene boustop. We moatte it wol wer oantoane, we moatte wer húswurk dwaan en dêr moatte wy minsken foar oanlûke."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.