Kabinet hellet nijboudoel op dizze wize net, seit Fryske boufoarsitter

Argyffoto fan Piet Adema, lanlik foarsitter fan WoningbouwersNL © ANP
It doel om twa tredde fan de nijboude huzen betelber te krijen slagget net as de oerheid op dizze wize trochset, seit Piet Adema fan De Wylgen, foarsitter fan WoningbouwersNL.
Yn dizze feriening binne ûntwikkelders en bou-ûndernimmers feriene. "De oerheid moat folle mear oan de bak", fynt Adema as foarsitter fan de klup.
It Ryk soe mear foech krije moatte, soe him mear rjochtsje moatte op de trochstream yn de huzemerk en moat ôf fan it massaal nijbouwen fan apparteminten as wenningtype foar âlderein, sa is Adema fan betinken.

Nijbou rint just tebek

Yn de bou nimme de prizen op dit stuit bot ta. Net allinne fanwegen krapte oan personiel en materiaal, mar ek troch de hege enerzjyprizen. "Dakpan- en glêsleveransiers lizze bygelyks de produksje stil."
It stribjen fan de oerheid is om twa tredde fan de nije huzen betelber te meitsjen. Mar Adema is dúdlik: "Mei de hjoeddeiske prizen krije je dat gewoan net rûn. Projekten kinne dan net mear finansjeel sûn realisearre wurde."
Yn stee fan dat der mear huzen boud wurde, rint it oantal just tebek. "Dat sjogge je ek al: it tal nije fergunningen foar huzen rint werom en guon projekten wurde weromjûn oan gemeenten", seit Adema.
In nijbouwyk yn Boarnburgum © ANP
De 100.000 huzen dy't it kabinet bouwe wol, wurde net helle, tinkt Adema. "Wy ferwachtsje dat der dit jier tusken de 15 en 20 persint minder huzen boud wurde as ferline jier. Dat seit wat."
Dêr komt nochris by dat de rinte tanimt: starters op de wenningmerk wurde konfrontearre mei djoerdere huzen en hegere rinte.

Trochstream

Om de krisis op de huzemerk los te skuorren, soe it Ryk him neffens WoningbouwersNL mear op de trochstream rjochtsje moatte. Want minsken dy't in hûs ferkeapje kinne, nimme jild mei wêrmei't sy makliker in oar hûs finansierje kinne.
Earst trochstream dus. "Dan komt dy betelberens ek wol, want dan komme der oan de ûnderkant fan de merk huzen besikber." 50-plussers of senioaren kinne bygelyks fan in rychjeshûs nei in twa-ûnder-ien-kap, of fan in twa-ûnder-ien-kap nei in frijsteand hûs. "Dan komt der in treintsje op gong."

Mear foech by it Ryk, fynt Adema

It wenningboubelied is neffens Adema te bot desintralisearre nei provinsjes en gemeenten. "Wy wenje fansels op in postsegeltsje. Ik bin wiis mei gemeenten as oerheid dy't it meast deunby is, mar yn ús lytse lân is mear sintrale rezjy nedich as it giet om romtlike oardering."
Minister Hugo de Jonge op wurkbesite yn Ljouwert, dêr't ek boud wurde moat © LEO Middelsé, Lennard Geerts
Adema fynt dit in grutte omisje. "Minister De Jonge kin net mei trochsettingsmacht sizze: sa dogge wy it." Gemeenten moatte mear grûn beskikber stelle en dy kinne ek mear mooglikheden biede as it bygelyks oer parkearnoarmen en prosedueren giet.

Te faak apparteminten

As lêste fynt Adema ek dat der faak in ferkeard wenningtype boud wurdt foar senioaren. "De refleks fan in soad gemeenten is: wy bouwe apparteminten foar dizze doelgroep. Mar wy hawwe ûndersyk dien en dêrút docht bliken dat de measte âlderein net nei in appartemint ta wol, mar bygelyks fan in grut frijsteand hûs nei in rychjeshûs of in twa-ûnder-ien-kap."
De wenningmerk sit sa fêst as in hûs, dus ek dêr is neffens Adema feroaring nedich. "Wy moatte op in oare wize de âlderein ferliede om har hûs te ferruiljen foar in oar type hûs."