Fryske film 'Hûnefretten' moat minsken oan it tinken sette oer it fergriemen fan iten

It klapboerd fan de film Hûnefretten © Omrop Fryslân
Yn Achlum wurdt wurke oan de Fryske film Hûnefretten. Yn de film stiet in âlde Fryske gewoante sintraal, wêrby't bern dy't harren iten net opite woenen, it neigesetsje, groattenbrij, der oerhinne smiten krigen.
De bern moasten harren iten mei de brij deroerhinne dochs opite. "Dan koe it wêze dat se de hiele middei oan de tafel sieten. Dan koe it wol fjouwer oere wêze, mar it moast op", fertelt Lieuwe Greidanus, dy't it skript skreaun hat.
Film Hûnefretten

In game om sirkulêr te tinken

De film spilet him ôf yn 1971, it wie in tiid wêryn't minsken sunich wêze moasten mei wat se hienen. It fergriemen fan iten koe absolút net. Mei de film wolle Greidanus en de stichting Tijdlijn, dy't ek meiwurket oan it projekt, de ferbining sykje mei de tiid fan no.
"We hebben een game ontwikkeld, waarin het circulaire denken naar voren komt. Zo kunnen kinderen zelf naar hun rol in de wereld kijken wat voedsel betreft", seit regisseur Bia Sarton.
De film is folslein yn it Frysk. It is de bedoeling dat de film oan de ein fan dit jier yn âldereinhuzen, skoallen en buerthuzen te sjen is.
De app dy't by de film heart © Omrop Fryslân