Omrop Fryslân

Nederlân en Dútslân yn petear oer bêste rûte foar stroomkabels

Nasjonaal Park Skiermûntseach
© Shutterstock.com (Hollandluchtfoto)
Nederlân en Dútslân sille mei-inoar om tafel oer de bêste rûte foar stroomkabels oer it Waad. Dy kabels binne nedich om wynparken op see te ferbinen.
Der is in soad te dwaan om de rûte dy't it kabinet keazen hat, dwers troch de natuer by Skiermûntseach hinne. Op oantrúnjen fan natuerbeskermers binne ambassadeurs fan Nederlân en Dútslân it iens wurden dat der praat wurde moat.
Yn in brief oan de Waadferiening skriuwe de ambassadeurs fan beide lannen dat sy ek fine dat de impact foar de natuer sa lyts mooglik wêze moat.
Op it heechste regearingsnivo sil dêrom oerlein wurde oer de rûte dy't de natuer de minste skea tabringt en helber is, wêrby't ek rekken holden wurdt mei de beskerming fan de Waadsee as UNESCO wrâlderfgoedgebiet.
It petear tusken de regearingslieders moat yn oktober plakfine.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.