Blydskip oer útstel stroomkabel ûnder Skier, mar 'pistool ligt nog op tafel'

Tsjinstanners fan de oanlis fan in stroomkabel dwers troch Skiermûntseach binne út 'e skroeven dat it plan foarearst de iiskast yngiet. It ministearje fan Ekonomyske Saken wol no dochs sjen nei alternativen.
Skiermûntseach © Shutterstock.com (Olha Rohulya)
"We zijn ontiegelijk blij", seit Frank Petersen fan de Waadferiening. "Met veel actievoerders en bewoners van het eiland, boeren, mensen uit de politiek in Den Haag en in Fryslân. Die hebben allemaal gewoon zo duidelijk gemaakt dat dat een waanzinnig idee is en dat dat niet moest gebeuren. De minister noemt dat natuurlijk een heroverweging, maar eigenlijk betekent dat: ik had het gewoon niet goed, het moet anders. En daar zijn wij heel blij mee."
Petersen hie it beslút fan it ministearje net ferwachte. "Alle berichten van zowel de minister, als het ministerie en Tennet waren: er is maar één mogelijkheid en dat is dwars door Schier. En nu lezen we dat het heel anders kan en dat ze dat heel erg graag willen onderzoeken."
Het pistool is van ons hoofd af, maar hij ligt nog wel op tafel.
Aksjefierder Thom Verheul fan Skiermûntseach
Aksjefierder Thom Verheul fan Skiermûntseach is ek bliid, mar hat noch wol syn twivels. Hy hearde fan boargemaster Ineke van Gent dat it plan fan tafel wie, mar reagearre skeptysk. "Nou, het pistool is van ons hoofd af, maar hij ligt nog wel op tafel", sei Verheul.
De tsjinstanners hoopje no dat it ministearje foar alternativen net allinnich nei Skiermûntseach sjocht, mar nei it hiele Waadgebiet en ek nei in goede gearwurking mei Dútslân.
Verheul: "Niet kabeltje voor kabeltje per zonnepark. Kijk naar de buren, kijk naar Duitsland. Dat gaat allemaal gebeuren, maar ik hoop wel dat ze geen ruzie gaan maken met Duitsland. Dat ze tot een goed gezamenlijk plan komen. Dan schuift het pistool inderdaad van tafel af en valt het in het Wad en dan is het onbruikbaar."
It ministearje hat tasein dat der yn alle gefallen net foar 2022 úteinset wurdt mei de plannen.
Frank Petersen fan de Waadferiening en aksjefierder Thom Verheul