Wurk oan Snitser tsjerke duorret langer, mar wol 15e-iuwske grêfstiennen fûn

Tjeerd van der Kooi yn de Martinitsjerke © Omrop Fryslân
It wurk oan de Martinitsjerke fan Snits duorret langer as tocht, mar mei it iepenbrekken fan de flier binne âldere grêfsarken ûntdutsen as dat earder tocht waard. De âldste yn de súdbeuk komt út de 15e iuw.
Trije protestantske gemeenten yn Snits komme tenei byinoar ûnder it dak fan de Martinitsjerke, dêrom wie fer- en nijbou nedich. "De tsjerke wurdt renovearre, it wurdt aanst de iennige PKN-tsjerke yn Snits", leit Tjeerd van der Kooi fan de boukommisje út.
By de ferbouwing fan de Martinytsjerke yn Snits komme bysûndere dingen oan it ljocht
Troch krapte oan minsken en materiaal hat de ferbouwing wol sa'n tsien wiken fertraging oprûn. "Wy binne yn in âld gebou dwaande. Op plakken dêr't je wat fuortbrekke, komme je wat tsjin wat ekstra wurk opsmyt. Covid siet ús dwers en troch de situaasje yn Oekraïne kaam der fertraging yn leveringen."
De bedoeling is al dat yn novimber de flier klear is en dat de nijbou by de tsjerke dit jier noch wyn- en wetterticht is. Takom jier febrewaris kinne de doarren wer iepen, sa't it no liket. "It sit ús net altyd mei, mar it komt klear."

Unbekende grêfstiennen fûn

Sûnt it begjin fan dit jier leit in part fan de houten flier fan de tsjerke der út. Dêrtroch binne tsientallen grêfstiennen bleatlein. Dêr sitte stiennen by dy't yn it ferline al ris beskreaun binne, mar ek tal fan ûnbekende stiennen.
Op dit stuit wurkje boufakkers yn de súdbeuk fan de tsjerke, dêr't ek flierferwaarming yn komt. "Ek dêr hawwe wy de âlde grêven wer fûn doe't wy de flier fuorthellen. Der lizze hiele âlde stiennen, mear as dat wy eins ferwachte hiene. Dat is hiel bysûnder", seit Van der Kooi.

Sels stiennen út de 15e iuw

Van der Kooi wiist nei in grutte stien, dêr't op it earste each suver neat út op te meitsjen is. It is fierwei de âldste, út it lêste part fan de 15e iuw. Op de stien steane Romeinske sifers, it liket mei MCCCC VIII te begjinnen.
It giet om in âld prystergrêf, sa die bliken. "It is der wat ûndúdlik ynbeitele, mar der stiet in tsjelk op, mei in foet en in hosty. Neffens de 'sarkologen' dy't der echt ferstân fan hawwe is dit in unike fynst. It is nei alle gedachten ien fan de âldsten yn Fryslân. Hiel bysûnder."
It is net de iennige âlde, bekend wie dat der ek in stien fan in Wybrant út 1425 yn de fan oarsprong 11e-iuwske tsjerke leit.

Fan pryster oant pylger

Wat jonger, mar net minder nijsgjirrich, is de stien fan Heero Doeckes Wiarda. Dizze man wenne om 1539 hinne yn Weidum en hie besit by Goutum. Hy troude mei Rieme Douwes en letter mei Anna Bauwma, wêrtroch't er op Cleyn Buma yn Westergeast te wenjen kaam. Yn 1554 waard Wiarda boarger fan Snits, dêr't er ek âlderman wie.
Op de grêfstien stiet njonken syn wapen mei in swan dat er yn jannewaris 1577 ferstoar en dat er 'pilgrv van Iervsale' west hat: hy hat oait as pylger nei Jeruzalem west.
Saakkundigen fan de Grêfskriftekommisje fan de Fryske Akademy hawwe tal fan besiten brocht om de stiennen yn kaart te bringen. "Sy witte ek goed wêr't sy nei sykje moatte. Dêr bin ik wol bliid mei, want sa krije wy goede en aktuele gegevens", seit Van der Kooi. Mar it is wol in hiele toer. "It moat ûntsifere wurde en se dûke ek argiven yn om wat boppe wetter te krijen."
De grêfsarken binne ynventarisearre en werom te finen yn dizze database fan saakkundige Hessel de Walle, fan de Grêfskriftekommisje fan de Fryske Akademy (ûnder it plak 'Sneek' en it type 'grafstenen').
It is de bedoeling dat de stiennen yn de súdbeuk yn it sicht bliuwe en minsken der skielk oerhinne rinne kinne. Neffens de boukommisje is dat in flinke yngreep, want it moat wol flak wêze. "It moat netsjes ynmitsele wurde, de gatten goed opfolle wurde."

Skiednis sichtber oan 'e súdkant

Oan de súdkant sit in houten yngong dy't eartiids troch earmelju, widdowen en wezen brûkt waard. "Wy neame it ek wol it klompehok. Dêr kinne aanst toeristen de tsjerke yn rinne. Dy komme dan yn it stik terjochte dêr't de âlde sarken lizze." Sa kin de tsjerkegemeente har skiednis sjen litte.
Der sil gjin glêsplaat oanbrocht wurde oer de sarken. Van der Kooi: "Dat kin problemen opsmite, trochdat der focht ûnder komt of dat it grien útslacht. Dan moatte je in soad yngrepen dwaan. Wy wolle it wol yn it sicht. Sy binne ek sa dat je der oerhinne rinne kinne, sy binne net sa útbeitele dat je der op omknoffelje."

Wer iepen

Yn de tsjerkeseal bliuwt it hout lizzen en by de preekstoel komt de flier net iepen. "Om de preekstoel hinne lizze grif ek noch stiennen. Lykas yn it easterkoar, dêr lizze in soad grêven. Wy puzelje noch hieltyd oer hoe't wy dat dêr oplosse wolle." Dat is ek in jildkwestje, dêr't de tsjerkegemeente stipe by nedich hat.
De tsjerklike gemeente hopet dat de ein ek in kear yn sicht komt. "Wy wolle it foar de ein fan it jier gewoan klear hawwe. Hjir moat wer tsjerke wurde kinne. En de stêd moat hjir binnen komme kinne."