Unwissens oer grêfsarken dy't boppe wetter komme yn Martinitsjerke Snits

Yn de Martinitsjerke fan Snits is by ferbouwingswurk in grut ferskaat oan iuwenâlde grêven fûn. In skatkeamer foar leafhawwers fan Fryske skiednis, mar ek in stroffelstien foar de ferbouwers. Want wat moatte je der no mei?
In grutte skat yn de Snitser tsjerke:
Op it earste gesicht liket it in gribus oan grêfsarken yn it efterste part fan de Martinitsjerke fan Snits. Tsientallen grêven binne hjir oan it ljocht kaam nei't de houten flier fuorthelle is. De boel leit der skean en bryk hinne. Guon binne hast ûnlêsber, wylst oaren der noch tige geef útsjogge.
De tsjerke wurdt ûnder hannen naam om plak te meitsjen foar in gearwurkingstsjerke. Trije protestantske gemeenten yn Snits wurde tenei ien. En dus moast ek de flier derút.
De stiennen lizze der skean en bryk by © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
De skiednis fan de Grutte of Martinitsjerke giet al werom nei de 11e iuw. De âldste stiennen dêr't in datum op stiet, komme út de 16e iuw en binne fan minsken dy't tusken de 1450-1500 berne binne. De meast resinte stiennen komme út de 19e iuw. Der lizze edellju, mar bygelyks ek in boumaster en in pottebakker.
Alle grêfsarken binne ynventarisearre en werom te finen yn dizze database fan saakkundige Hessel de Walle, ek fan de grêfskriftekommisje fan de Fryske Akademy (ûnder it plak 'Sneek' en it type 'grafstenen').
Mei de fynst fan de histoaryske grêven is der wol in fraachstik by: wat dogge je dermei? De tsjerkeried is dêr noch wol mei oan.
Foarsitter fan de boukommisje Tjeerd van der Kooi: "It is in muoilik gefoel. Wy soene de stiennen graach goed foar it sicht bringe wolle, mar sy lizze der nochal ûnregelmjittich by. Ien dy't deroerhinne rint, knoffelet op in nuvere wize de tsjerke yn."

Wat is finansjeel mooglik?

De wearde fan de âlde stiennen wurdt sjoen, mar egalisearje is djoer. 'It finansjele plaatsje', fersuchtet tsjerkrintmaster Jan Hiddo de Boer. "Wy hawwe in finansjeel plafond krigen fan de tsjerkeried: safier en net fierder. De arsjitekt is wol oan it rekkenjen."
© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Der binne trije opsjes: oeral glês oerhinne lizze, in baan fan glês oanlizze of der wer hout oerhinne lizze. Ek oan glês sitte tûkelteammen: want as de luchtsirkulaasje net goed is, kin it samar beslaan of sels beskimmelje. "Wy binne der noch net oer út. Finansjeel is der in boppegrins: der kin in soad, mar it kin net allegearre betelle wurde."

Wer ûnder de flier

De stiennen yn de romte dy't aanst brûkt wurde sil as gearkomsteromte, ferdwine sawiesa ûnder in flier. Mar yn de oare romte is dat noch net wis. Der sil hoe dan ek gau in kar makke wurde moatte, want yn oktober moat it wurk eins klear wêze.
Ferslachjouwer Jantine Weidenaar yn de tsjerke
Dus de kâns is grut dat dizze grêven wer ûnder in flier ferdwine. Mar foar't dat bart, is der ien grutte fraach dy't no aktueel is. Want de ferneamde Grutte Pier is mooglik ek te hôf brocht yn dizze tsjerke.

Grutte Pier

Van der Kooi: "Hy leit hjir yn alle gefallen net. Hjir is neat wat streekrjocht werom te lieden is ta Grutte Pier. Wy tinke wol dat er earne yn de tsjerke leit, en guon minsken tinke wol te witten wêr. Dat soe mear yn in hoeke wêze, yn 'e rjochting fan it Easterkoor. Mar dan moatte wy wer fan alles ôfbrekke, en dat leit muoilik."
Tjeerd van der Kooi fertelt oer de tsjerke