Omrop Fryslân

"In sûn bedriuw begjint mei in sûne boaiem": Burgumer fruitkweker brûkt gjin keunstdong mear

Henk Vonk fan Sparkberry yn Burgum
© Omrop Fryslân
Fruitkweker Sparkberry yn Burgum eksperimintearret sûnt in pear jier mei in regenerative wize fan wurkjen. Sa min mooglik pestisiden en keunstdong moat soargje foar in better bioferskaat en in sûne boaiem.
Dizze wize fan wurkjen hjit regenerative lânbou. De natuer docht it wurk. De resultaten fan de earste jierren binne bemoedigjend.
Neffens de beide eigeners fan Sparkberry - heit Jan en soan Henk Vonk - slagget de omskeakeling aardich. Mar it is in wei mei fallen en opstean, fertelt Henk. "Keunstdong brûke we net mear. We brûke in ekologyske kerrel dy't it boaiemlibben stimulearret."

Natuer moat it wurk oernimme

"Tusken de planten siedzje we safolle mooglik blommen en krûden, sa as klaver, dy't stoffen út de loft helje dy't goed binne foar de boaiem", seit Henk. "De natuer moat it safolle mooglik oernimme. En dat wurket."
Blauwe beien op natuerynklusive wize kweke is net altyd maklik
Echt hielendal sûnder dong wurkje, is noch net mooglik, leit er út. "Wy freegje in topprestaasje fan ús planten, dan moatte se ek yn topfoarm wêze. Dat ferget oandacht en dat giet net fansels."

Gjin luzen mear

Henk fynt it spitich dat wurkjen sûnder ynsektisiden noch net mooglik is. "We brûke wol minder. We hawwe troch ús wize fan bedongjen bygelyks hielendal gjin luzen mear yn de planten. Mar hielendal sûnder giet yn de sêftfruitteelt noch net."
Blauwe beien fan Sparkberry
© Omrop Fryslân
"We ha bygelyks bot lêst fan de Suzuki-mich", giet Henk fierder. "Dat is in eksoat dy't hjir gjin natuerlike fijannen hat. Dy prikt yn de frucht en leit dêr aaikes yn. De larven dy't dêrút komme, frette de frucht fan binnenút op en feroarje in bei yn smots. Dan bist dyn hiele rispinge kwyt. Elke sêftfruitkweker dy't seit dat er net spuitet, dy liicht. Wy kenne biologyske kollega's dy't it besocht ha, mar dy binne der no net mear. It kin noch net."
Sûnder in sûne boaiem falt it fûnemint ûnder in bedriuw fuort.
Henk Vonk
Sparkberry meunsteret de grûn om te sjen wat de keazen wurkwize foar de boaiem docht. En op basis dêrfan wurdt besjoen oft it goed giet en oft bystelling nedich is.
Vonk is tige bliid mei de foarderings dy't se meitsje. "In sûn bedriuw begjint mei in sûne boaiem. Sûnder in sûne boaiem falt it fûnemint ûnder in bedriuw fuort."
Jan en Henk Vonk

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.