Heit Pierre easket goals fan soan Sydney: "Als spits moet je in de dubbele cijfers komen"

SportCast © Omrop Fryslân
Sydney van Hooijdonk moat dit seizoen minimaal tsien doelpunten meitsje foar sc Hearrenfean. Dat fertelt syn heit Pierre moandei yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
De spits fan de Feansters is al in aardich ein op wei troch de trije doelpunten fan ôfrûne sneon tsjin Vitesse (0-4 oerwinning). Heit Pierre siet op de tribune fan de GelreDome. "Ik ben heel erg trots!", seit er oer syn soan.
Sydney hat in goeie bân mei syn kollega-spits Amin Sarr. Dat falt ek Pierre op. "De samenwerking is vanaf het eerste moment dat hij bij Heerenveen binnenkwam, echt een vriendschap geworden. In het voetbal is het gunnen zo super belangrijk."
Kritysk is de âld-fuotballer ek op syn soan. "Hij moet nog stappen maken om nog balvaster en betrouwbaarder aan de bal te worden. Ik hoop dat dat gaat lukken", seit Van Hooijdonk senior, dy't wol hege ferwachtings hat. "Ik vind dat je als spits altijd in de dubbele cijfers moet komen. Dat ben je aan je stand verplicht, er vanuit gaande dat je een heel jaar fit bent en speelt."

Kees van Wonderen

Sels makke Pierre van Hooijdonk ek furoare yn syn tiid as spits. Hy spile yn grutte kompetysjes en helle it Nederlânsk alvetal. By NAC Breda en Feyenoord spile er yn ien alvetal mei Kees van Wonderen, de trainer fan sc Hearrenfean en Sydney.
"Ik vind het wel fijn dat ik in de tijd van Feyenoord een goede relatie had met Kees", laket Van Hooijdonk. "Ik dicht Kees veel kwaliteiten toe. Wij hebben altijd wel een heel goed contact gehad."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
SC Cambuur belibbe ek in goed wykein troch de 4-1 oerwinning op Fortuna Sittard. Grutte man oan de kant fan de Ljouwerters wie Mees Hoedemakers. Dat foel ek op by oare klups, want snein hat FC Utrecht by Cambuur ynformearre nei de middenfjilder.

Hoedemakers bliuwt

Technysk manager Foeke Booy hat dy klup moandei witte litten dat Hoedemakers net fuort mei, sa wit sportferslachjouwer Andor Faber. "Dat hat dermei te krijen dat it krekt wat mear as in wike foar de ein fan de transferperioade is. Booy fynt Hoedemakers de motor fan it team en fynt him te wichtich."
It betsjut wol dat Hoedemakers nei dit seizoen fergees de doar út rint, want hy wol syn kontrakt dat nei dit jier ôfrint net ferlinge. Booy spruts moandeitemoarn mei de 24-jierrige Noard-Hollanner. Sportferslachjouwer Andor Faber: "Hoedemakers is sels hiel teloarsteld. Dy krijt wol in tikje."
De SportCast fan moandei 22 augustus