Cambuur draait wedstriid om nei yngripen Henk de Jong: "Mar dêr bin ik net grutsk op"

Henk de Jong © Orange Pictures
SC Cambuur pakte sneontejûn trije punten, mar dy kant like it de earste helte noch net op te gean. Tsjinstanner Fortuna Sittard kaam mei 1-0 foar en wie in stik better. It moast oars, en dus griep trainer Henk de Jong yn.
De Jong brocht Michael Breij en David Sambissa yn foar Remco Balk en Jamie Jacobs. Dat die fertuten, want yn de twadde helte draaiden de Ljouwerters it hielendal om, mei troch in doelpunt fan Breij.
Michael Breij oer de wedstriid tsjin Fortuna Sittard
"Er zat niet echt passie in", seit Breij oer de earste helte. "Dat gebeurt soms, daar zijn geen verklaringen voor, maar ik ben blij dat ik een deel mee heb kunnen spelen om het om te draaien."

"Ik had het idee dat we zouden winnen"

Breij makke yn de 47ste minút de 1-1. "Ik raakte hem heel lekker. Ik dacht eerlijk gezegd dat hij over zou gaan, maar hij zat in het netje. Na de goal had ik het idee dat we zouden winnen."
De middenfjilder krige gelyk. Troch twa doelpunten fan Mees Hoedemakers en in doelpunt fan Jasper ter Heide waard it sels 1-4. De iene bal fleach der noch moaier yn as de oar. "Die goal van Jasper ter Heide was waanzinnig. Hij krijgt de bal, kijkt om zich heen en denkt: verrek, ik kan nergens heen. Laat ik maar schieten."
Sa foel it lang om let ris de goede kant op foar Cambuur. "Het zat vandaag een beetje mee, daar kunnen we eerlijk over zijn."

Hoedemakers: "Er zijn wat harde woorden gevallen"

Mei twa doelpunten hie Mees Hoedemakers in grut oandiel yn de oerwinning. Dat wylst hy yn it skoft noch aardich útprottele waard troch trainer Henk de Jong. "In de rust zijn er wat harde woorden gevallen. Het moest beter, er moest meer pit, meer energie in. Uiteindelijk ben ik superblij dat we hier drie punten weghalen."
"Alle goals waren van grote schoonheid"
Dy pit wie der nei it skoft wol. "Als de eerste valt, dan ben je over het dooie punt heen en dan heb je vertrouwen dat je nog meer kunt halen. Er was nog genoeg tijd om er meer te maken."
Sa pakte Cambuur de earste oerwinning fan it seizoen. "Ik denk dat we in de eerste twee wedstrijden ook aardig voetbal gespeeld hebben, dat hij dan niet valt, is doodzonde. Als je vandaag ziet, dan denk ik dat we heel trots op elkaar mogen zijn."

Net grutsk op wiksels

Mei de betide wiksels draaide trainer Henk de Jong de wedstriid om. Dêr wie hy sels lykwols net grutsk op. "We binne like gek mei de jonges dy't we yn de earste helte wiksele hawwe as mei de jonges dy't yn de twadde helte dien hawwe, mar soms moatte je yngripe."
Henk de Jong net grutsk op it wikseljen
De Jong neamde it spul yn de earste helte 'slap', 'letargysk' en 'stroperich'. Nei it doelpunt fan Breij feroare dat. "Dan sjochst it loskommen, dat wie moai."
"Dit hienen we gewoan even nedich", slút De Jong ôf. "We steane der goed foar: +1. Mei 35 punten bist feilich."