Spits Milan Smit moat as linksbûten de goals meitsje foar Cambuur
Milan Smit stiet sneon foar de tredde kear yn de basis by Cambuur. Net as spits, want dat is hy eins, mar as linksbûten.
De 19-jierrige Smit hat syn basisplak yn de tarieding ôftwongen. Hy waard mei fiif goals de topskoarer fan Cambuur. Doe ek al as linksbûten en dêr fielt hy him hiel goed by. "Ja dat bevalt me prima", seit Smit. "In de voorbereiding heb ik ook daar gespeeld en veel goals gemaakt. Inderdaad, ik was de topscoarer van de voorbereiding."
Seach hy it oankommen dat hy opsteld wurde soe as linksbûten? "Nee, helemaal in het begin van de voorbereiding niet. Maar ik viel een keer in als linksbuiten en toen scoorde ik. En tegen Telstar startte ik als linksbuiten en toen scoorde ik ook weer twee keer."
Foarútblik Fortuna S-Cambuur. Milan Smit
By it begjin fan de kompetysje seach Smit wol oankommen dat hy yn de basis komme soe as linksbûten. Cambuur is der noch altyd net yn slagge om in nije spiler foar dy posysje oan te lûken.
Smit is dus de earste keus. "Ik had er wel op gehoopt, maar nog niet echt op gerekend. Ik had wel het gevoel dat ik het wel kon worden, want ik had het goed gedaan in de voorbereiding. Mooi dat de trainer mij de kans heeft gegeven."
Milan Smit hat ek fan rjochts spile yn de wedstriid tsjin Excelsior, mar op links komt hy better út de farve, fynt hy sels ek. "Ja, klopt. Daar had ik in de voorbereiding nog nooit gespeeld, dus dat was voor me zelf ook wennen."
De wedstriid Fortuna Sittard-SC Cambuur begjint sneon om 18.45 oere en is streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân Radio. De kommentator is Geert van Tuinen.