Twa kear goud foar Marrit Steenbergen by EK swimmen yn Rome

Marrit Steenbergen © Orange Pictures
Swimster Marrit Steenbergen hat wer twa gouden medaljes pakt by it EK yn Rome. Se wie de bêste by de 100 meter frije slach en de mingde wikselslachestafette.
Op de 100 meter frije slach sette se in tiid fan 53,24 sekonden del. Dat wie har earste yndividuele ynternasjonale titel op de langebaan.
Steenbergen lei in skoft efter op Charlotte Bonnet út Frankryk, mar yn it twadde part fan de race helle se har yn. De Britske Freya Anderson einige as tredde. By de kwalifikaasje einige Steenbergen noch efter Bonnet.
Steenbergen ferbettere har eigen persoanlik rekôr fan 53,41. "Heel gaaf, het ging heel goed", sei se nei ôfrin fan de wedstriid tsjin de NOS. "Ik was wel zenuwachtig, gisteren ging supergoed en dan wil je dat ook individueel laten zien. Bij de WK ging het mis in de halve finale. Dat ik het nu hier laat zien en een persoonlijk record zwem in de finale, meer kan je niet hopen."

Ek goud mingd estafetteteam

Steenbergen die ek mei yn de mingde wikselslachestafette. Se wie nei Kira Toussaint, Arno Kamminga en Nyls Korstanje de slotswimster. Doe't Korstanje oantikke, lei Nederlân lykop mei Italië.
Doe gie Steenbergen it wetter yn. "Ik ademde de andere kant op, dus ik had geen idee wat er gebeurde. Maar ik dacht: voor het team moeten we door." Steenbergen gie fluch en sette de Italiaan op efterstân: "Toen zag ik iedereen al bij de kant staan en toen tikte ik aan. Iedereen was super uitbundig, dus toen dacht ik: oh goud." Nederlân finishste yn in tiid fan 3.41,71.
Steenbergen pakte tongersdei ek al goud op de 4x200 meter mei de Nederlânske frouljusestafetteploech.