Gjin medalje foar Nederlân en Marrit Steenbergen yn finale 4x100m frije slach

Marrit Steenbergen yn aksje © ANP
De Nederlânske mingde estafetteploech op de 4x100m frije slach by it WK swimmen is freedtejûn fiifde wurden. Yn Boedapest gie de winst nei Australië yn in nij wrâldrekôr.
Yn de finale koe Nederlân, mei Marrit Steenbergen fan Easterwâlde, Jesse Puts, Tessa Giele en Stan Pijnenburg, nea meidwaan om de medaljes. Wol swom Steenbergen as slotswimster in goede yndividuele tiid, sy wie ien fan de rapste froulju yn de finale.
Yn de heale finale hie Nederlân him freedtemoarn noch as fjirde pleatst. Earder dit WK pakte Steenbergen ferrassend brûns op de mingde estafette wikselslach.