Cambuur fergriemt kâns nei kâns en ferliest iepeningswedstriid tsjin Excelsior

© Orange Pictures
SC Cambuur is it nije earedivyzjeseizoen net goed begûn. Yn it eigen stadion waard it 2-0 foar Excelsior.
De Ljouwerters kamen betiid op achterstân, en ha de hiele wedstriid achter de feiten oan rûn.
Opstelling SC Cambuur: Virginia, Schmidt, Hoedemakers, Jacobs, Paulissen, Tol, Bangura, Maulun, Uldrikis, Smand, Smit.
Al nei tsien minuten stie Cambuur mei 1-0 achter, nota bene út in corner fan Excelsior. Dy ploech skeakele goed om, en Cambuur wie net skerp genôch.
Dêrnei kamen der kânsen foar Cambuur. Paulissen hie fuortendaliks lyk meitsje kind, mar nei in flotte oanfal skode hy de bal yn de hannen fan de keeper fan Excelsior.
Jacobs kopte oer, Hoedemakers skode de bal foar de goal del, en Maulun skeat te heech. It woe net. En flak foar de ein fan de earste helte makke Excelsior in baas doelpunt.

Nul punten

Yn de twadde helte wie it spul foar Cambuur, mar it joech allegearre neat. De Ljouwerters krigen kâns nei kâns, mar de tiid waard de fijân, en doe woe hielendal neat mear.
De goal foel net. Uldrikis kaam frij foar de keeper, in meter foar de goal, mar kopte de bal neist, en Mees Hoedemakers krige in ultime kâns, mar liet him fan de bal spylje troch in Rotterdammer, en Bangura skeat hurd op de goal, mar syn skot waard blokt. Troch Uldrikis.
As der punten jûn waarden foar moai spul, entûsjasme, of kânsen, dan hie it allegearre oars west, mar it binne allinne de doelpunten dy't telle. De balâns nei ien wedstriid is dúdlik: nul punten foar Cambuur.