"Cambuur heart him mei dizze spilersbegrutting te hanthavenjen"

Andor Faber © Omrop Fryslân
Sneontejûn begjint foar SC Cambuur it nije earedivyzjeseizoen. De ploech fan trainer Henk de Jong nimt it yn eigen stadion op tsjin promovendus Excelsior. By de Ljouwerters binne der noch in soad fraachtekens.
It ôfrûne seizoen hanthavene Cambuur him frij ienfâldich op it heechste nivo fan Nederlân. De ploech einige sels yn it linkerrychje, op twa punten fan in plak dat rjocht jout op de play-offs foar Europeesk fuotbal.
Dy hege einklassearring wie benammen te tankjen oan in goeie earste seizoenshelte. Nei it winterskoft waarden der mar 14 punten pakt.
Is Cambuur der yn de simmer yn slagge om de negative spiraal om te bûgjen? Wy leinen it foar oan Cambuurfolger Andor Faber.
Hoe stiet de seleksje derfoar? Is SC Cambuur klear foar it nije earedivyzjeseizoen?
"De seleksje fan Cambuur is noch net folslein. Der kamen oant no ta fiif nije spilers (twa keepers, ien ferdigener en twa oanfallers) by, mar dêr bliuwt it net by. Om't de seleksje noch net rûn is en dat ek noch oant 1 septimber duorje kin, tink ik dat Cambuur drege earste wiken fan it seizoen krije kin.
Boppedat binne de spilers dy't nij binne, der noch net allegear klear foar. Rekôroankeap Silvester van der Water is al de hiele tarieding blessearre. Leon Bergsma waard krekt binnenhelle en hat sadwaande gjin oefenwedstriid meidwaan kinnen. En Remco Balk kwakkelet wat mei syn fitheid en falt oant no ta wat ôf."
Op hokker posysjes hat Cambuur dan noch wat nedich en hokker spilers soenen dêr yn dyn optyk geskikt foar wêze?
"Der moat noch in bûtenspiler by en eins wol Henk de Jong ek noch in rjochterferdigener binnenhelje. Foar dy lêste posysje wie PSV-spiler Shurandy Sambo yn byld. In oanfallende rjochtsback, dy't goed passe soe yn it spulsysteem fan Cambuur. Mar hy hat foar Sparta keazen, dus dy komt net."
As oanfaller wol Cambuur de Noar Osame Sahraoui hawwe. Mar dan sil de klup behoarlik ta de bûse moatte. En dus sil de syktocht fan technysk manager Foeke Booy trochgean moatte. En fluch ek. In sintrale ferdigener hat gjin prioriteit, om't se by Cambuur ûnder de yndruk binne fan Floris Smand, in ferdigener fan de beloften."
Shurandy Sambo op in training fan PSV © ANP
Wat hat Cambuur leard fan de minne twadde seizoenshelte fan it ôfrûne seizoen?
"Ik wit net oft Cambuur dêr echt wat fan leard hat. Neffens my is dat ek net perfoarst nedich. Feit is dat der yn de minne twadde seizoenshelte in soad wie dat gewoan tsjinsiet. Wichtige spilers as Roberts Uldrikis en Alex Bangura wiene lang blessearre en it meast wichtige: Henk de Jong rekke derút fanwege in kyste yn 'e holle.
Koartlyn sei De Jong yn ús SportCast dat Cambuur de play-offs om Europeesk fuotbal helle hie, as hy der net útrekke wie. Dêrmei seit er dat Cambuur net sa ynkakt wie, as er net fuortfallen wie. Dêr sit wol in kearn fan wierheid yn.
De schwung wie der op in bepaald momint kompleet út en as der ien is dy't dat werombringe kinnen hie, wie it De Jong wol. Safolle tsjinslach as ferline seizoen sil net wer barre."
Wa wurdt dit seizoen de smaakmakker by Cambuur?
"Smaakmakkers binne faak oanfallend ynstelde spilers. Dat sil ek no it gefal wêze. Spits Roberts Uldrikis hellet, as er fit bliuwt, de dûbelde sifers kwa doelpunten. Dêrnei sil er fuortkocht wurde troch in gruttere klup, dus dan sil dit syn lêste seizoen yn Ljouwert wêze.
En fansels binne alle eagen rjochte op Silvester van der Water. Der waard net foar neat hast sân ton foar him betelle, wêrmei't er de djoerste oankeap ea is. As hy syn nivo hellet út syn tiid by Heracles Almelo, krijt er it Cambuur-publyk op 'e banken. Ek om't it in 'mantsje' is. Dêr meie de Ljouwerter fans wol oer. Mar earst moat er mar fit wurde."
Wat meie we realistysk sjoen fan Cambuur ferwachtsje dit seizoen?
"Cambuur docht der álles oan om dit seizoen yn de earedivyzje te bliuwen. Want it seizoen derop kin de klup it nije stadion yn gebrûk nimme. En dat wolle se fansels dwaan mei earedivyzjefuotbal.
Om dy reden is de spilersbegrutting spektakulêr omheech gien en kinne der ynienen transfersommen betelle wurde foar spilers. Ek al moatte der beslist noch mear spilers helle wurde; mei dizze spilersbegrutting heart Cambuur him te hanthavenjen. En dat is tagelyk ek it grutte doel fan dit seizoen."
De wedstriid SC Cambuur - Excelsior set sneon om 18.45 oere útein. De wedstriid is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar is yn hannen fan Geert van Tuinen.