Sportklup Hearrenfean trapet seizoen ôf mei kleurleas lykspul

Anas Tahiri yn duel mei in spiler fan Sparta © Orange Pictures
Sportklup Hearrenfean is it nije earedivyzjeseizoen úteinset mei in bloedleas lykspul. Yn eigen hûs waard it 0-0 tsjin Sparta Rotterdam.
By Hearrenfean stienen twa nije spilers yn de basis: doelman Andries Noppert en middenfjilder Mats Köhlert. Tibor Halilovic wie net fit genôch om te starten. Dêrom wie der in basisplak foar Rami Kaib op de linksback. Köhlert skode dêrtroch in liny troch.
Opstelling sc Hearrenfean: Noppert; Van Ewijk, Van Aken, Van Beek, Bochniewicz, Kaib; Tahiri, Haye, Köhlert; Van Hooijdonk en Sarr.
De wedstriid hie yn de earste tweintich minuten net folle om hannen. In skot fan Sparta-oanfaller Jason Lokilo yn de hannen fan Noppert wie noch it gefaarlikst.

Ien kâns yn in folsleine helte

Pas nei 40 minuten krige Hearrenfean syn earste kâns. Nei in oanfal oer meardere skiven kaam de bal by Köhlert. Dy hie ek in gefaarlik skot yn hûs, mar Spartakeeper Nick Olij koe de bal yn de koarte hoeke tsjinhâlde.
Fierder barde der net in soad yn de earste helte. De 0-0 by it skoft wie in logysk gefolch.
Drokte foar de goal fan Andries Noppert © Orange Pictures
Ek yn de twadde helte wie it duel net spektakulêr. Arno Verschueren skeat foar Sparta oer en Sydney van Hooijdonk produsearre yn driigjende posysje in rollerke.

Sparta noch hiel tichteby de 0-1

Hearrenfean naam it inisjatyf wol hieltyd mear yn hannen, mar de ferdigening fan Sparta stie goed. Ek doe't Amin Sarr der in kertier foar de ein fan de wedstriid troch wie. Op it lêste momint koe it skot fan de Sweed noch blokt wurde.
Yn de slotfaze like it derop dat Sparta it meast yn de tank sitten hie. De Rotterdammers wienen mei in kopbal fan Vito van Crooij sels noch hiel tichteby de winst, mar syn ynset gie krekt njonken de goal. Sa einige de wedstriid yn 0-0.