Dútsk masinepistoal út Twadde Wrâldoarloch fûn by Ofslútdyk

Konservator Wim Stienstra © Omrop Fryslân, Nynke Tuinstra
By wurk oan de Ofslútdyk by Koarnwertersân is in Dútsk masinepistoal út de Twadde Wrâldoarloch fûn. It giet om in MP40, in wapen fan sa'n 60 sintimeter grut.
It wapen is folslein ferrustke. It waard oan de kant fan de Waadsee fûn troch ûndersikers dy't in previntive ynspeksje útfierden op mooglike eksplosiven. By Koarnwertersân wurdt op it stuit in folslein nije kearslûs oanlein, as beskerming tsjin ekstreem heech wetter.

Bysûndere fynst

It ferrustke masinepistoal is oerdroegen oan it Kazemattenmuseum by Koarnwertersân. Foar it museum is it in hiel bysûndere fynst. It Kazemattenmusuem hat wol MP40's dy't noch hielendal geef binne, mar dêrfan is net dúdlik oft dy oait brûkt binne troch soldaten by Koarnwertersân. Fan dit wapen is dat wol dúdlik.
Neffens konservator Wim Stienstra is de MP40 dy't no fûn is nei alle gedachten fuortsmiten troch de Dútske soldaten, nei de kapitulaasje. It wapen is mear as 75 jier âld.
Dútsk masinepistoal út Twadde Wrâldoarloch fûn by Ofslútdyk
Yn tsjinstelling ta wat in protte minsken tinke, is der by de kazematten op de Ofslútdyk nea striid levere. Net yn de maaiedagen fan 1940, mar ek net by de befrijing troch de Kanadezen yn april 1945.
Stienstra fertelt dat der yn oanrin nei de oanlis fan de nije kearslûs by Koarnwertersân eins hielendal net safolle bysûnders fûn is. Fral munysje waard oantroffen en in soad betonnen pealtsjes. De munysje is troch de EOD ferneatige en de pealtsjes hat it Kazemattenmuseum ek krigen, mar de MP40 is in oar ferhaal. "Daarvan staat de relatie met de bunkers bij Kornwerderzand vast en daarmee is het een mooi item in onze collectie om te laten zien."
It masinepistoal dat fûn is © De Afsluitdijk
Dat it wapen hielendal ferrustke is, is gjin probleem. "Daar gaan we ook niet te veel aan doen. We hebben in onze collectie wel een aantal van die machinepistolen, maar die zijn niet hier gevonden, dus deze MP40 is voor ons bijzonder."
Wannear't it masinepistoal yn de eksposysje komt, is noch net bekend. It moat earst noch konservearre wurde.