Floris Smand krijt basisplak by seizoensiepening SC Cambuur

Floris Smand © Orange Pictures
Cambuur begjint sneon oan de nije kompetysje mei in thúswedstriid tsjin Excelsior. De Rotterdammers promovearren fia de neikompetysje nei de earedivyzje en wurde traind troch âld-Cambuurspiler en trainer Marinus Dijkhuizen.
De 19-jierrige Floris Smand makket sneon syn earedivyzjedebút by Cambuur. De Lemster begjint yn de basis as sintrale ferdigener. Hy is ôfkomstich út de jeugdoplieding fan Cambuur. As jonkje fan in jier as tsien waard hy hifke troch sc Hearrenfean. Doe hat er in pear kear mei Cambuur belle. Nei it tredde telefoantsje mocht hy komme, en sa rûn hy alle alvetallen troch.
SC Cambuur - Excelsior set sneon om 18:45 oere útein. De wedstriid is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar komt fan Geert van Tuinen.
Yntusken hat de Lemster in kontrakt tekene by Cambuur foar twa jier. Smand is grutsk. "Het gaat inderdaad heel snel: donderdag mijn eerste contract getekend. Daar ben ik heel blij mee, ik had niet verwacht dat het zo snel zou gaan. Ik was ook niet vanaf het begin bij de eerste selectie. Ik zat nog bij 'onder 21'. Dit is wel wat ik wilde, vanaf het eerste moment was dit het doel."
Floris Smand
Neffens trainer Henk de Jong is Smand in talint. "Ik wist al dat hy echt goed wie. Hy komt der as sintrale ferdigener by. Dat is moai. Hy hat sels hjir hinne belle doe't in jonkje fan njoggen, tsien jier wie. Hy woe hjir fuotbalje. No makket hy syn debút. Dat is wol hiel moai."

In echte Cambuurspiler

Smand fielt him no in echte Cambuurspiler. "Jazeker, ik zit er vanaf het begin bij. Elk team heb ik doorlopen en nu bij de selectie. Ik ben een echte Cambuurjongen."
Op it fjild makket Smand in sterke yndruk. "Ja, dat heb ik ook te danken aan de voetbalschool van Cambuur. Ik ben heel volwassen opgeleid. Maar ik blijf er gewoon heel rustig onder. In het veld ben ik ook niet zo'n stresserig type. Ik ben gewoon een rustige jongen en dat probeer ik mee te nemen in het veld."
In foarútblik op Cambuur - Excelsior
Wat minder moai is, en wêr't de Cambuursupporters har drok om meitsje, is dat der wol sein wurdt dat der noch in oanfaller en ferdigener by komme, mar dy der noch altyd net binne. Shurandy Sambo fan PSV wie bygelyks fier mei Cambuur mar keas úteinlik foar Sparta, omdat Cambuur op keunstgers fuotballet. Silvester van de Water is der wol, mar hy is noch blessearre.
Henk de Jong oer dy oanfaller: "Wy wisten dat hy lêst fan it ankel hie. Troch dy blessuere begûn hy wat oars te rinnen en doe hawwe we him der úthelle. Ik tink dat hy oare wike wol wer oanslute kin, mar it hat wol in weromslach west fan in pear wiken. En fierder sjoch ik nei wat ik wol haw."

"In jier fan fallen en opstean"

Oer tsjinstanner Excelsior is Henk de Jong dúdlik: "In moaie klup. Ik wie yn de neikompetysje ek supporter. En Marinus en Sven Nieuwpoort gunne je it ek. Gewoan goeie minsken. Mar it kin in moaie wedstriid wurde. Sy kinne frijút fuotbalje. We krije in swiere jûn. Wy moatte soargje dat we it stadion mei krije, de tolfde man eins syn wurk wol dwaan. Ik wol it hiele stadion yn gong hawwe. It giet om ien ding: dat we prestearje. Moai man. We moatte deryn bliuwe, mar it wurdt in jier fan fallen en opstean."