Omrop Fryslân

Folle mear gas yn see boppe Waadeilannen as earder tocht

Gaswinning op de Noardsee boppe It Amelân
© ANP
Der kin folle mear gas út de Noardsee helle wurde as oant no ta oannaam waard. Benammen boppe de Waadeilannen lizze noch in soad nije fjilden mei potinsje.
De NOS meldt dat op basis fan in ûndersyk fan TNO yn opdracht fan it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat. TNO wiist derop dat it fanwegen de hege gaspriis oantrekliker wurdt om gasfjilden langer iepen te hâlden.
Omdat de merk útgiet fan in langere perioade fan hegere gasprizen, tinkt TNO boppedat dat it wer lukratyf wurdt om nei nije gasfjilden te boarjen.
Lokaasje fan it gasfjild boppe Skiermûntseach
© NOS
Earder al sei it kabinet ta om de fergunningsproseduere foar it boarjen nei gasfjilden op see rapper te meitsjen. Reden dêrfoar is it driigjende gastekoart yn Europa.
Der is in soad ferset tsjin de plannen foar gaswinning boppe Skiermûntseach. It bedriuw ONE-Dyas mei dêr fan Nederlân en Dútslân boarje, mar de Waadeilannen fan beide lannen binne it dêr net mei iens.
Miljeu-organisaasjes wize ek op de neidielen. Boppedat, sizze se, duorret it jierren foardat der gas wûn wurde kin út nije gasfjilden. Dat is dus gjin oplossing foar it gastekoart dêr't Europa no mei te krijen hat.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.