Hearrenfean is Excelsior de baas yn lêste test foar nij earedivyzjeseizoen

Joost van Aken earder dizze tarieding © Orange Pictures
Sportklup Hearrenfean hat de lêste oefenwedstriid yn de tarieding op it nije seizoen wûn. Yn de generale repetysje tsjin Excelsior waard it 3-1. De doelpunten fan Hearrenfean kamen op namme fan Joost van Aken (twa kear) en Amin Sarr.
Hearrenfean begûn sûnder de blessearre Tibor Halilovic. Syn plak op it middenfjild waard ynnaam troch Mats Köhlert. Rami Kaib spile dêrtroch linksback. Sydney van Hooijdonk begûn fuort wer yn de basis. Andries Noppert stie lykas tongersdei al bekendmakke wie, op de goal en Sven van Beek wie de oanfierder.
As Halilovic folgjende wike noch blessearre is, sil Hearrenfean nei alle gedachten yn de earste wedstriid fan it seizoen tsjin Sparta ek sa spylje.
Opstelling sc Hearrenfean: Noppert; Van Ewijk, Van Aken, Van Beek, Bochniewicz, Kaib; Tahiri, Haye, Köhlert; Van Hooijdonk en Sarr.
Hearrenfean hie yn de earste helte in soad de bal, mar fierder as in pear heale kânsen kaam it eins net. Der wie allinnich in kopbal fan Van Hooijdonk en in blokt skot fan Thom Haye yn de earste tweintich minuten. Excelsior krige fia Kenzo Goudmijn in aardige kâns, mar syn skot waard blokt.
De grutste kâns wie yn de 26e minút foar Haye. In fraaie foarset fan Kaib kaam by de earste peal, mar Haye skeat krekt njonken. Yn de 40e minút krige Hearrenfean wer in grutte kâns. Haye lei de bal panklear op 'e holle fan Van Beek, mar dy kopte op trije meter fan de goal de bal rjocht yn de hannen fan keeper Stijn van Gassel.
It bettere spul waard krekt foar it skoft beleane troch in goal fan Joost van Aken, dy't in foarset fan Haye yn de fierste hoeke ferlinge.

Sterke twadde helte

De twadde helte sette goed útein, want Sarr makke al nei trije minuten de 2-0. Kaib joech, net foar de earste kear dizze wedstriid, in hiele fraaie foarset en Sarr kopte him ek moai yn de hoeke. Hearrenfean spile better as yn de earste helte en krige ek mear kânsen. Benammen de tandem Sarr-Haye rûn goed.
Ut it neat kaam Excelsior op 2-1. Noppert rêde noch op in skot fan tichteby, mar yn de rebound makke Luuk Admiraal de 2-1. Fjouwer minuten letter makken de Rotterdammers hast de lykmakker. Nathan Markelo kopte hurd yn, mar Noppert tikke de bal krekt oer de latte.
Yn de 84e minút kaam Hearrenfean op 3-1. Kaib stie mei in foarset wer oan de basis. Hy lei de bal by de twadde peal del, Sarr kopte de bal werom en Van Aken koe fan tichteby syn twadde goal meitsje en de einstân bepale op 3-1.