Omrop Fryslân

Arjen van der Heide stapt oer fan sc Hearrenfean nei Roda JC

Arjen van der Heide yn it shirt fan sc Hearrenfean
© Orange Pictures
Arjen van der Heide ferlit sc Hearrenfean foar Roda JC út Kerkrade. De 20-jierrige oanfaller tekenet in kontrakt foar trije seizoenen yn Limburch.
Van der Heide kaam doe't er alve jier wie yn de jeugd van Hearrenfean te spyljen. Op 17-jierrige leeftyd makke er ûnder trainer Johnny Jansen syn debút yn it earste alvetal. Yn totaal spile er fjirtich wedstriden foar de Fryske klup.
It is net dúdlik oft Hearrenfean in transfersom ûntfangt foar Van der Heide.

Net in soad perspektyf

Technysk manager Ferry de Haan oer it fuortgean fan Van der Heide: "Dit seizoen leek Arjen niet veel perspectief op speelminuten te hebben. Voor zijn eigen ontwikkeling is het daarom goed om nu een andere stap te maken. Deze transfer is hem dan ook gegund en we wensen Arjen het allerbeste toe bij Roda JC."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.