Omrop Fryslân

Cambuur fynt definsive fersterking yn Switserlân

Technysk manager Foeke Booy mei Leon Bergsma
© Dijks Media
Leon Bergsma makket de oerstap nei SC Cambuur. De sintrale ferdigener komt oer fan it Switserske FC Aarau, dat útkomt op it twadde nivo, en tekenet foar trije seizoenen.
Bergsma hie yn Switserlân noch in kontrakt oant de simmer fan 2023. De Challenge League wie al twa wedstriden ûnderweis. Bergsma wie yn beide wedstriden de oanfierder fan Aarau.
Earder stie de 25-jierrige Nederlanner ûnder kontrakt by Ajax en AZ. Ta in debút yn it earste alvetal fan Ajax kaam it net. Foar AZ kaam er wol trije kear yn aksje.

Need wie heech

"Centrale verdedigers die comfortabel zijn aan de bal en daarnaast van nature een leidersrol aannemen in het veld zijn schaars en Leon is zeker zo'n type. Ook als mens denken wij dat hij goed bij ons en de club in het algemeen past en we zijn dan ook blij dat hij heeft gekozen voor de stap naar Leeuwarden", seit technysk manager Foeke Booy oer de nije oanwinst.
Cambuur wie al langere tiid op syk nei in definsive fersterking. Nei de blessuere fan sintrale ferdigener Calvin MacIntosch waard dat prioriteit, sjoen de seizoensstart tsjin Excelsior Rotterdam op 6 augustus.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.