Wêrom't it logysk is dat Cees Roozemond nei dit seizoen ophâldt

Cees Roozemond © Orange Pictures
Cees Roozemond ferlit nei fjouwer jier sportklup Hearrenfean. "Logysk", sa fynt Hearrenfean-ferslachjouwer Roelof de Vries.
"Op ferskate kanalen ha we alris earder sein dat dit der oan siet te kommen", stelt De Vries. "Kinst it it bêste in soarte fan fluwielen revolúsje neame. Yn it stichtingsbestjoer is in skoft lyn al wat feroaring ynset.
Doe't Dennis Gijsman dêr foarsitter waard, is der wat feroare. Doe kamen der al lûden dat de Ried fan Kommissarissen ek oars wurde soe en dêrnei ek de direksje. It is yn dy sin dus logysk dat dit bart, omdat we dy lûden al hearden."
Hoesa?
"Omdat ik tink dat Roozemond it fan it begjin ôf oan net goed dien hat. De wize wêrop't hy direkteur wurden is, wie al net sûn. Hy hat himsels eins beneamd. Dêrneist binne der noch te folle losse eintsjes."
Lykas?
"It operasjoneel tekoart is noch altyd te heech. Oars sein: los fan de transferjilden, komt Hearrenfean elts jier jild tekoart. Under de eardere direkteur Luuc Eisenga is dat oprûn nei goed seis miljoen.
Dat wie ûnder tafersjoch fan Roozemond, dy't earst yn it stichtingsbestjoer siet en letter yn de Ried fan Kommissarissen. Dêrnei is de klup der neffens Roozemond yn slagge om dat werom te bringen nei ûngefear trije miljoen euro.
De fraach is lykwols oft dat hielendal realistysk is. Dêr sitte fergoedingen yn foar it omsetferlies troch corona, mar it is noch net dúdlik yn hoefier dat wat te posityf sketst wurdt troch Roozemond."
De sfear binnen de klup is echt better wurden.
Ferslachjouwer Roelof de Vries
It operasjoneel tekoart is dus eins noch altyd te grut. Is dat it iennige wat net goed giet?
"Nee. It dossier Sportpark Skoatterwâld is noch altyd net oplost. Je soene sizze kinne: der sit skot yn de saak. It trainingsfjild wurdt no oanpakt, der komme nije keunstgersfjilden, mar dat is it dan ek foar no.
De hier fan it stadion is boppedat noch altyd heech. Yn it coronaseizoen 2020/2021 is de hier mei hast in ton ferlege. Mar dat is tydlik. In strukturele oplossing is noch altyd net fûn en de relaasje mei de gemeente Hearrenfean en Sportstêd Hearrenfean is der net better op wurden. It skeelde sels net folle oft de partijen hiene tsjinoer elkoar stien foar de rjochter."
Hat Roozemond dan neat goed dien?
"Jawis wol. It is miskien wat abstrakt, mar de sfear binnen de klup is better wurden. Eins wie it in gaos sûnt it fuortgean fan Yme Kuiper yn 2010. En eins al sûnt it fuortgean fan Riemer van der Velde yn 2006.
Der wie gjin foarsitter dy't it echt lang folhâlden hat en de sfear wie somtiden kâld. Dat is no in stik better. Der binne bêst wat meiwurkers mei segryn fuortgongen by de klup, mar nettsjinsteande in reorganisaasje, in leger spilersbudzjet en in oantal 'twongen' ûntslaggen hat Roozemond in soad minsken foar him wûn."
Cees Roozemond yn it Abe Lenstra Stadion by de opkomst fan de spilers © Orange Pictures
"Boppedat is de sfear yn it stadion ek goed. Fansels hat dat alles te krijen mei it spul en de sportive prestaasjes en dy wienen de lêste moannen goed. Mar Roozemond leit by in grut part fan de supporters bêst wol goed. De belibbing yn it stadion is better wurden en dat hat ek te krijen mei belied fan de klup en it ferbetterjen fan it stadion. Ek it tal seizoenkaarthâlders nimt wer ta."
Hoe stiet it mei de sponsoaren?
"Under Roozemond is de klup deryn slagge mei Ausnutria in goeie partner as haadsponsor te krijen. It is net hielendal dúdlik wat dat opsmyt, mar it liket derop dat konkurrinten as FC Grins flink wat mear jild binnenhelje mei de haadsponsor.
It tal sponsoaren nimt neffens kommersjeel manager Martin Koopman ta, mar wat krekt de sifers binne, wol de klup net sizze. It tal sponsoaren soe no wer boppe de 500 lizze. It nimt dus ta, mar wat dat krekt opsmyt, sizze se net."
De Ried fan Kommissarissen wurdt folslein fernijd. Dennis Gijsman, Dwight Lodeweges en Martin van Dekken ferfange Egbert van Hes, Henny Groot Kormelink en Willem-Jan van Elsacker. Wat fynst dêrfan?
"Wat dûbeld. In soad minsken ferwite Roozemond dat hy himsels oansteld hat. Gijsman en Van Dekken sieten lykwols al yn it stichtingsbestjoer en komme no yn de RfK. Om no te sizzen dat dat in minne saak is, giet te fier.
Mar yn it gewoane bedriuwslibben is dit, neffens gongbere governance codes (in soarte fan gedrachskoade foar bedriuwen), net normaal. Mar goed, de fuotbalwrâld is in wrâld op himsels."
Hoe sjochst de takomst foar dy foar sc Hearrenfean?
"Op himsels wol posityf. Ik tink dat it hiel goed is dat Lodeweges binnenhelle is. Dat is gewoan in man mei ferstân fan saken. Eltsenien dy't mei him wurke hat, sil dat befêstigje. Ek oer Dennis Gijsman hear ik goeie ferhalen. Hy is direkteur fan in doarrefabrikant út Grou. Wat ik hear, is dat hy in trochpakker is. Ik bin dan ek benijd wat de folgjende stap wêze sil."
Ja, want der moat in nije foarsitter komme.
"Ja, en ik tink sels in nije direksje. No is Roozemond it iennige direksjelid. Dat soe in nij direksjeteam wurde kinne. Of ien direkteur mei in grutter managementteam. Foardiel is datst in manager faak minder hoechst te beteljen as in direkteur. It managementteam bestiet no út fjouwer leden, mar dat kinst miskien útwreidzje. Sa krigest in bettere ôfspegeling en miskien ek mear draachflak.
Riemer van der Velde ropt al jierren dat se mei in plan komme moatte. Der is wol in beliedsplan, mar ik freegje my ôf oft dat noch up-to-date is. It tal sponsoaren en benammen de ynkomsten moatte omheech, it stadion moat foller en it spul op it fjild moat better. Allinnich sa kin de klup wer omheech sjen."