Ausnutria bliuwt langer haadsponsor fan sc Hearrenfean

Ausnutria hat it kontrakt mei sc Hearrenfean as haadsponsor fan de klup mei twa jier ferlinge. De oerienkomst rint no oant en mei juny 2024, mei in opsje op noch in ekstra seizoen.
© Orange Pictures
It Nederlânsk-Sineeske suvelkonsern waard ferline jier maart presintearre as de nije haadsponsor fan sc Hearrenfean.

De earedivyzjonist is bliid mei it langer oanbliuwen fan de haadsponsor. "Dat Ausnutria ons het vertrouwen juist nu, in deze bizarre tijden, blijft geven als hoofdsponsor, maakt ons als club erg trots. Ik ben ervan overtuigd dat we elkaar ook de komende jaren kunnen blijven versterken. Dit is heel goed voor de continuïteit van de club", seit kommersjeel manager Martin Koopman.