Omrop Fryslân

sc Hearrenfean stipet Henk de Jong yn reaksje op "verwerpelijke actie"

Sportklup Hearrenfean winsket de sike Cambuurtrainer Henk de Jong mei in spandoek betterskip. Dêrmei reagearret de klup op in aksje fan 'supporters' dy't de spot driuwe mei de sûnensproblemen fan De Jong.
Sûnt tongersdeitemoarn sirkulearret op Twitter in foto fan in spandoek by it Cambuurstadion mei dêrop de tekst 'Cambuur geeft je kopzorgen', mei dêrby in tekening fan in hart oan in galge.
"We vinden het een verwerpelijke actie", seit wurdfierder Marco Heerschop fan sc Hearrenfean. "We distantiëren ons hiervan. We willen graag weten of dit supporters van ons zijn geweest."
It kontroversjele spandoek
© Unbekend
Hearrenfean wie al fan doel om snein in eigen spandoek mei te nimmen nei Ljouwert, foar de Fryske derby. Op dat spandoek stiet de tekst 'Gezondheid boven rivaliteit #Betterskip Henk' en in pompeblêd yn it midden.
In foto fan dat spandoek hat Hearrenfean fan 'e middei online set op social media, as reaksje op it oare spandoek.
It spandoek mei de galge ropt in soad ôfkarrende reaksjes op. sc Hearrenfean dêrfoaroer krijt just in soad positive reaksjes foar de rappe tsjinaksje.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.