Omrop Fryslân

Start twadde etappe Tall Ships Races útsteld

De Wylde Swan
© Omrop Fryslân
De start fan de twadde etappe fan de Tall Ships Races is útsteld. De racekommisje hat dat beslút naam yn ferbân mei it minne sylwaar dat foarsein wurdt foar de kommende dagen.
Oan de Tall Ships Races dogge ek de Fryske skippen De Wylde Swan en de Thalassa mei.
De twadde etappe fan de race giet fan Antwerpen nei it Deenske Aalborg. De skippen ferlitte moandei yn de rin fan de dei de haven fan Antwerpen, mar sille no pas op tongersdei om acht oere moarns úteinsette mei de regatta. Orizjineel wie dit 24 oeren earder. De nije startlokaasje is noardwestlik fan de Waadeilannen.

Mear seeromte foar grutte skippen

Der stiet de kommende dagen min sylwaar op it programma. Sa fertelt race director Paul Bishop: "Dat it Racekomitee dit beslút naam hat, leit oan de ûngeunstige en rap feroarjende foarsizzingen fan de noardewyn. It nije startgebiet sil de gruttere A-klasseskippen de gelegenheid jaan om mear seeromte te brûken, yn dizze ûngeunstige tsjinwyn."
De skippen wurde 4 augustus yn Aalborg ferwachte, dêr't se, lykas yn Harns, wer in grut evenemint hawwe.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.