Liveblog | 17 july 2022

Sa naam Harns ôfskied fan de tallships

It wie de lêste dei fan de Tall Ships Races yn Harns. Yn dit liveblog koest alles folgje.

  • Hjoed wie de Sail Out fan de tallships;
  • Alle tallships ha de haven fan Harns ferlitten, se farre no nei Antwerpen ta;
  • Juster wie it in smoardrokke dei, mei nei alle gedachten sa'n 100.000 besikers yn Harns;
  • Hjoed rûn Harns wer fol, it wie neffens ferslachjouwer Willem Vermeltfoort "noch drokker as juster".

Dit liveblog was ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 17 july 2022, 20:10
17:54

Tank foar it folgjen

De tallships binne fuort, de boargemaster hat weromsjoen en de stêd rint leech. By de beachclub binne noch wat minsken om fan de lêste oerkes muzyk te genietsjen.
It wurdt no ek tiid om dit liveblog ôf te sluten. Fjouwer dagen lang ha we de tallships en alles deromhinne folge en jim sa goed mooglik op de hichte holden. Tank foar it lêzen, sjen en harkjen!
17:12

Grutske boargemaster sjocht werom

Boargemaster Ina Sjerps sjocht werom op fjouwer dagen Tall Ships Races
Boargemaster Ina Sjerps fan Harns sjocht tefreden werom op fjouwer dagen Tall Ships Races yn har gemeente. "Er waren honderdduizenden mensen, met nauwelijks een incident. We hebben feestgevierd, avonden gedanst, gezongen op het plein."
Se hie it sels ek hast net ferwachte, dat it sa'n feest wurde soe. Foar Sjerps, dy't sûnt ferline jier boargemaster is, is it har earste grutte evenemint yn dizze funksje.
"Het lijkt wel alsof iedereen loskomt na twee jaar corona. dit is het eerste enorme evenement in Noord-Nederland. Er was een fantastisch reuzenrad, een prachtige programmering en de meest prachtige schepen van de wereld die voor je neus liggen en waarop je kunt varen."
16:14

Nije attraksje: Stefan van der Pal

Stefan van der Pal draaft troch Harns
Der wie wer in grutte attraksje yn Harns: ultrasporter Stefan van der Pal, dy't mei in Alvestêdetriatlon dwaande is, draaft troch de stêd.
Van der Pal hat dizze wike al in Swim- en Fytsalvestêdetocht ôflein, no is er dwaande om de goed 200 kilometer te draven. Fan 'e moarn om 6.00 oere is er yn Ljouwert begûn en sakrekt kaam er troch Harns.
It giet goed, seit er. Hy mei graach troch de drokte rinne en ek de hjitte fynt er lekker. "De begeleiding zorgt ervoor dat ik constant koud water over me heen gegooid krijg."

Soad stipe

Sneintemoarn wie er noch mislik, dat is no foarby. Hy fielt him ek fit en tinkt dat er it ek wol folhâldt. "Er staan zoveel mensen langs de kant, dat is echt bijzonder. Bij het zwemmen merkte ik er niet zoveel van, bij het fietsen ging ik er heel snel bij langs. Nu merk ik hoe gaaf het is!"
Mei syn triatlon wol Van der Pal jild ophelje foar stifting Semmy. De teller stiet op goed 37.000 euro.
De ferwachting is dat Van der Pal moandei yn de rin fan de moarn wer oankomt yn Ljouwert.
15:48

Wat meinimme?

15:20

Noch net klear

De skippen ha de haven fan Harns dan wol ferlitten, it evenemint giet noch even troch!
Sa is it shantykoar fan Skylge, de West Aleta Singers, ek yn de stêd. Se binne spesjaal nei de fêste wâl kaam foar it shantyfestival op de Suderhaven.
15:02

It lêste skip, de Alexander von Humboldt II, ferlit de haven

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort sjocht mei oare taskôgers nei de Alexander von Humboldt II