Triatleet Van der Pal folbringt ek twadde Alvestêdetocht, noch ien te gean

Stefan van der Pal by de finish © Omrop Fryslân
Triatleet Stefan van der Pal hat twa fan de trije ûnderdielen fan syn Alvestêdetriatlon derop sitten. Nei fiif dagen swimmen hat er sneon ek goed 200 kilometer by de Fryske stêden delfytst. Snein set er útein mei it draven fan de rûte.
Van der Pal wie sneontemoarn krekt nei achten úteinset by it WTC yn Ljouwert mei syn fytstocht, nei't hy dêr freed syn swimtocht fan fiif dagen folbrocht hie. Hy siet sneon sa'n sân oeren op de fyts, mei in trochsneed fan 30 kilometer yn 'e oere.
"Het lijf voelde best wel goed", sei Van der Pal krekt nei't er klear wie mei it fytsen. "Ik ben wel de hele dag misselijk geweest, waarschijnlijk nog door de inspanning van het zwemmen. Ik heb wel eens lekkerder op de fiets gezeten."
Van der Pal komt op 'e fyts oan yn Ljouwert
No makket er him op foar it lêste ûnderdiel fan syn triatlon. "Het tweede vaatje is nu leeg getrokken, hopelijk heb ik nog een derde."
De ûntlading is grut, fuort nei oankomst. "Het was heerlijk weer om te fietsen, m'n maat Marco Douma hielp me ook geweldig. Geniaal vandaag. En ik zei eerst: vanavond direct door! Maar m'n team ziet dat niet zitten."
Fytsmaat Marco Douma stie Van der Pal sneon by op 'e fyts
Neffens begelieder Jort van Zutphen wie Van der Pal bliid mei alle stipe ûnderweis: "It docht him goed dat der in soad minsken op 'e rûte stean. Hy is in minske dy't om him hinne sjocht, dy sosjale kontakten helpe him."
Van Zutphen seit dat de fytstocht, hoewol't it it koartste ûnderdiel fan de Alvestêdetriatlon is, dochs in soad krêft koste hat: "Troch fannacht te sliepen hat hy syn enerzjy oanfolje kind, mar seker yn de wyn op hie hy it sa no en dan swier."
It fytsen is wol wat 'makliker': "De fuotten kinne by it fytsen lekker draaie, hy hat in goede trochblieding fan de spieren. Dat is ek goed foar it herstel. Hy moat goed iten bliuwe, dan kriget hy enerzjy yn syn lichem."
De heit fan Semmy, John Emmerik, oer de Alvestêdetriatlon fan Van der Pal
Mei de aksje hellet Van der Pal jild op foar Stichting Semmy, dy't him ynset foar ûndersyk nei harsenstamkanker by bern. Sneontemiddei wie der al hast 30.000 euro ophelle.

Noch 200 kilometer drave

Snein folget dan it lêste part fan syn meunstertriatlon: 200 kilometer drave. Van der Pal tinkt dat dat it dreechste ûnderdiel wurdt. Hy sil om 6.00 oere starte en hopet der 30 oeren oer te dwaan.
"Iedereen zegt dat zwemmen het zwaarste is, maar dat is het echt niet. Het is het langst", seit Van der Pal. "Het hardlopen is wat mij betreft het allerpittigst. Ook vanwege de klappen, natuurlijk. Dat wordt nog een dingetje."
Wolst Stefan van der Pal snein en moandei folgje by it draven?