'Wat docht deputearre tsjin opleine gaswinning by Ternaard?'

Waadgebiet by Ternaard dêr't it Ryk gaswinne wol © ANP
Fjouwer opposysjepartijen en twa koälysjepartijen yn provinsjale steaten hawwe fragen steld oan deputearre steaten oer de gaswinning yn Fryslân. Deputearre Douwstra distansjearret him net genôch fan de opleine gaswinning troch it Ryk, fine se.
Douwstra jout yn in ynterview mei de parse oan dat de gaswinning by Ternaard frijwol wis trochgiet en hy liket him foaral yn te setten foar it binnenheljen fan jild, fine GrienLinks, FNP, D66, PvdD, SP en PvdA yn de steaten.

'Ternaard gjin oplossing gaskrisis'

Dat liket yn striid mei de útspraken fan provinsjale steaten dat gaswinning yn Fryslân net winsklik is. Der soe alle war dien wurde moatte om de winning fan gas yn Ternaard en op oare plakken tsjin te gean.
De gaskrisis is neffens de partijen net in goed argumint om by Ternaard gas te winnen. "Als we kijken naar de hoeveelheden in Ternaard, dan is de vraag wat precies de bijdrage daarvan is", seit wurdfierder Erik de Groot fan de PvdA. "Maar het gaat er vooral om dat we onomkeerbare schade kunnen toebrengen aan het Wad."
NAM-lokaasje by Ternaard © ANP
De krityske fraksjes hawwe op de gearkomste fan 13 july ek al fragen steld oer de mooglike gaswinning by Ternaard. It kolleezje fan Deputearre Steaten joech doe oan him net del te lizzen by de gaswinning by Ternaard. Wêr mooglik soene se by de minister troch politike druk oanjaan dat se de winning net wolle.
De meidieling dat de gaswinning by Ternaard nei alle gedachten trochgiet, soarge dan ek foar betizing by de partijen.

'Hokker politike druk?'

Se wolle witte wêr't de deputearre him op basearret dat de fergunning by Ternaard nei alle gedachten ferliend wurdt. Wat hawwe deputearre steaten de ôfrûne wiken dien om politike druk út te oefenjen yn Den Haag?
"Het is verwonderlijk dat dit zo gebeurt. We weten niet wat zich in de tussentijd heeft afgespeeld. Welke informatie het college al heeft opgehaald in Den Haag of wat ze voor elkaar hebben kunnen krijgen", seit De Groot.

'Kompensaasjejild net foar skeafergoeding'

Neffens de partijen liket Douwstra him benammen yn te setten op it binnenheljen fan jild. Ut it krante-ynterview docht bliken dat Deputearre Steaten al neitinke oer de mooglike ferdieling fan de kompensaasje as de gaswinning trochgiet.
Dat jild soe mooglik ynset wurde kinne by de oergang nei skjinnere soarten enerzjy. Lykwols, kompensaasjejild is ynearsten bedoeld om de skea troch gaswinning te fergoedzjen, fine de partijen.
Erik de Groot fan de PvdA