Cambuur wint oefenwedstriid tsjin Telstar
SC Cambuur hat sneon it oefenduel tsjin Telstar mei 2-1 wûn. Foar de Ljouwerters makke Milan Smit twa doelpunten, beide oan de ein fan de earste helte.
Cambuur wie de bettere ploech yn de earste helte, al wie de earste grutte kâns foar Telstar: it skot fan Ozan Kökcü waard keard troch doelman João Virgínia.
Yn de 22ste minút wie Cambuur tichteby de iepeningstreffer. Roberts Uldrikis rekke de peal nei in stekbal fan Robin Maulun. Efkes letter wie Uldrikis wer gefaarlik: syn kopbal waard fan de doelline helle troch de ferdigeners fan Telstar.
Twa doelpunten yn koarte tiid
Yn de 40ste minút wie it wol raak: Milan Smit soarge nei in stekbal fan Maulun foar de 1-0. In minút letter liet Smit ek de 2-0 oantekenjen. Dizze kear profitearre hy fan goed tariedend wurk fan Uldrikis.
Fuort nei it skoft dy Telstar wat werom. Byron Burgering skeat de 2-1 binnen. De besikers besochten dêrnei troch te drukken, mar slaggen dêr net yn. Nei in oere spyljen wie it de thúsploech dy't wer de oerhân krige yn 'e wedstriid.
De Ljouwerters krigen in pear goeie kânsen om de 3-1 te meitsjen. Ynfaller Sambissa rekke de peal, wylst in ynset fan spits Boere fan de line helle waard. Cambuur wie yn de slotfaze fan it duel de gefaarlikste ploech, mar in doelpunt waard der net mear makke.
Pascal Bosschaart, en net Henk de Jong, stie nei ôfrin de parse te wurd