Earste ferlies foar sc Hearrenfean yn tarieding: Utrecht wint yn blessueretiid
Foar it earst yn de tarieding op it nije seizoen hat sportklup Hearrenfean ferlern. FC Utrecht wie yn Jobbegea mei 1-0 te sterk.
Noch sûnder de nije oanwinst Alex Timossi, en ek sûnder Tibor Halilovic, stie Hearrenfean oan de ôftraap. By it skoft wie it noch 0-0.
It jonge talint Noah Stassin wie in kertier foar tiid wol ticht by de iepeningstreffer, mar hy skeat yn it sydnet. Ek in skot fan Björn Bogi Guðnason smiet gjin doelpunt op.
Dy foel yn blessueretiid oan de oare kant wol. Ferdigener Mike van der Hoorn kopte by de twadde peal raak: 0-1.
Earste ferlies
It wie de fjirde oefenwedstriid fan sc Hearrenfean yn tarieding op it nije seizoen. Earder wûn de ploech fan Kees van Wonderen mei gemak fan de regioseleksje Gaasterlân-Sleat (14-0), Hearrenfeanse Boys (7-0) en TOP Oss (4-1).
Hearrenfean soe freed eins oefenje tsjin TuS Blau-Weiß Lohne, mar de Dútske klup hie ôfsein fanwegen te folle coronagefallen yn de seleksje.
Oare wike freed spilet Hearrenfean in oefenwedstriid tsjin PEC Zwolle.