Hearrenfeantrainer Kees van Wonderen: "Ik ben geen tovenaar"

De SportCast mei Kees van Wonderen © Omrop Fryslân
It sil tiid kostje foardat Kees van Wonderen sc Hearrenfean nei syn hân set hat. Dat fertelt de nije trainer fan de klup yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
In goeie wike lyn is Van Wonderen mei syn ploech begûn oan de tarieding op it nije earedivyzjeseizoen. It is de tiid fan spilers kennen leare en oefenwedstriden spylje. It grutte doel is om Hearrenfean spylje te litten neffens de fisy fan Van Wonderen.
Dat giet lykwols net samar fan de iene op de oare dei, fertelt de nije trainer. "Je gaat afspraken met elkaar maken om als team te opereren. Die moet je zo goed mogelijk tot wasdom laten komen. Dan wordt je elftal stabiel, krijgt het vertrouwen in elkaar en gaat het beter presteren. Dat kost tijd."
Sa'n situaasje makke Van Wonderen twa jier lyn ek mei, doe't er begûn by Go Ahead Eagles. Dêr moast er echt op nul begjinne mei in hast folslein nije seleksje. Ta frustraasje fan guon fans. "Supporters in Deventer zeiden weleens: jij krijgt zes tot acht weken in de voorbereiding, dan moet het staan. Dat is niet de praktijk. Het kan acht, twaalf of zestien weken duren", leit de 53-jierrige coach út.
Het is zo'n moeilijk en dynamisch, maar ook prachtig vak.
Kees van Wonderen
By Go Ahead krige Van Wonderen it lang om let foarinoar, mar: "Het kan ook zijn dat het niet lukt, omdat de chemie er niet uitkomt. Het is zo'n moeilijk en dynamisch, maar ook prachtig vak. Je hebt met mensen te maken en alle radartjes moeten net in elkaar vallen. Dat is de route zoals je het voor ogen hebt."
En sa'n rûte, dêr binne je gewoan efkes mei oan 'e gong, neffens de âld-fuotballer. "Het is niet zo dat ik een tovenaar ben."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Yn de tarieding sil Van Wonderen oan 'e slach moatte mei syn team. En sil hy karren meitsje moatte. Wa wurdt bygelyks de earste doelman?
Andries Noppert kaam mei Van Wonderen mei fan Go Ahead nei Hearrenfean. In logyske tinkwize is dat hy dan ek wol de man ûnder de Feanster latte wurde sil. "Ik snap dat dat gedacht en gezegd wordt", seit Van Wonderen. "Maar het is voor mij geen uitgemaakte zaak dat hij de eerste doelman is."
Noppert sil de konkurrinsjestriid oangean moatte mei Xavier Mous. Van Wonderen dêroer: "Uiteraard haal ik een doelman waarin ik vertrouwen heb en waarbij ik gezien heb waartoe hij in staat is. Maar ik denk dat Xavier ook een meer dan goeie keeper is. Zij mogen het samen uitvechten en de beste staat op goal."
De SportCast mei Kees van Wonderen