Omrop Fryslân

Earste peal nije Cambuurstadion slein: "Ik haw der wolris wekker fan lein"

Jesse Boersma (7) en Alexander Jansen (96) joegen it offisjele startsein foar de bou
© Dijks Fotografie
Mei it slaan fan de earste peal is tongersdei offisjeel it startsein jûn foar de bou fan it nije Cambuurstadion. Foar in soad belutsenen wie it in emosjoneel momint. "Dit docht my wol wat."
De eare om it offisjele startsein te jaan, wie foar de jongste en de âldste seizoenskaarthâlder fan Cambuur: Jesse Boersma (7) en Alexander Jansen (96).
It is benammen in symboalysk momint foar de Ljouwerters. It is de earste fan yn totaal 1.500 peallen. Dy wurde de basis fan it nije stadion, dêr't ynkoarten 15.000 minsken yn sitte kinne.
De bou fan it stadion hat hiel wat fuotten yn de ierde hân. Dat sjit ek nochris by algemien direkteur Ard de Graaf troch de holle op it bouterrein. "Je kunt er wel een boek over schrijven. Misschien gebeurt dat ook nog wel eens."
De bedoeling is dat Cambuur yn it begjin fan it seizoen 2023/2024 yn it nije stadion spylje kin.
De bou fan it nije Cambuurstadion is no offisjeel úteinset
Ald-wethâlder Henk Deinum en finansjeel direkteur Gerald van den Belt fan Cambuur krije pikefel as se oer it bouterrein hinne rinne dêr't it nije Cambuurstadion komt.
Van den Belt: "Het is iets waar je heel lang naar hebt uitgekeken. Je werkt er zo lang naartoe en als het dan eindelijk zover is, krijg je een beetje het gevoel van: is dit het dan?"
It giet ek om it grutsk wêzen op je eigen stêd.
Henk Deinum, âld-wethâlder
Deinum: "Ik haw der wolris fan wekker lein. It giet om wurkgelegenheid, mar ek om beleving. It grutsk wêzen op je eigen stêd."
Cambuurdirekteuren Ard de Graaf en Gerald van den Belt
© Dijks Fotografie
"We wilden eerst bouwen aan de club, eerst financieel gezond worden om een stabiele partner voor de stad te zijn", seit Van den Belt. "Anders bouw je op drijfzand en krijg je de partijen niet mee."
"Toen we in 2013 promoveerden en twee jaar in de eredivisie speelden en ook financieel alles op de rit hadden, toen kregen we steeds meer gehoor bij de gemeente."

Underwerp fan de ferkiezings

Jierren is der praat oer in nij ûnderkommen foar de Ljouwerter fuotbalklup. It like somtiden op in ûnmooglike missy, mar dochs hat Deinum der altyd fan oertsjûge west dat it nije stadion der komme moast.
"It âlde stadion foldie al lang net mear oan de easken fan it KNVB. Mar pas yn 2013 kaam it op de politike aginda te stean. It waard doe sels ûnderwerp fan de ferkiezings."
Henk Deinum en Gerald van den Belt prate oer it lange trajekt nei it nije Cambuurstadion ta
Cambuur is fan grutte wearde foar de stêd, seit Deinum. "Dat moatte je net ûnderskatte. Sawol maatskiplik as ekonomysk."
"Boppedat wisten wy dat dit gebiet ekonomysk en romtlik ûntwikkele wurde moast. Dêr binne wy mei de komst fan de iishal yn 2010 mei úteinset en dêrnei ha wy lang oan 'e gong west mei it meitsjen fan plannen foar dit gebiet."
Artystympresje fan it Cambuurstadion
© Van Wijnen
Van den Belt: "Het heeft heel veel stress en gedoe met zich meegebracht. Een paar maanden geleden was het definitieve moment dat we tegen elkaar zeiden: it giet oan."
Dat wie in apart momint, wit er noch. "Gek genoeg zat iedereen op dat moment wat stuurs voor zich uit te kijken, we konden eigenlijk niet blij zijn. We hadden zoiets van: er zal straks wel weer wat nieuws komen. Dat was een raar moment."
No kin er lang om let bliid wêze. "Nu de eerste paal daadwerkelijk de grond in gaat, is dat gevoel veranderd in euforie. Maar het geeft wel aan hoe het hele proces is geweest."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.