'Sûkeromke' Cambuur: "Enthousiasme rond het stadion steekt me aan"

Bert van den Brink © Omrop Fryslân
Fêstgoedûndernimmer Bert van den Brink wol SC Cambuur helpe om in folgjende stap te setten. It is de reden dat hy foar 2,5 miljoen euro oan sertifikaten keapet en de klup in liening fan ien miljoen euro jout.
De klup makke tongersdei bekend dat in ûndernimmer út it midden fan it lân de miljoeneynvestearring docht. Omrop Fryslân brocht dêrnei oan it ljocht dat it om fêstgoedûndernimmer Bert van den Brink út Ermelo gie. Hy hie neffens de Quote 500 ferline jier in roeze eigen fermogen fan 450 miljoen euro.
Freed wol Van den Brink wol taljochtsje wêrom't er de beurs lûkt foar de klup dy't 130 kilometer noardliker leit as syn wenplak. Jierren lyn is de ûndernimmer troch projektûntwikkeler Wyckerveste belutsen by de ûntwikkeling fan it nije Cambuur Stadion by it WTC-kompleks.
Yntusken is Wyckerveste ynruile foar Van Wijnen, mar dat hat neat feroare oan de belutsenheid fan Van den Brink by it projekt. Hy is yn 'e kunde kaam mei de twakoppige direksje fan Cambuur, dy't bestiet út Ard de Graaf en Gerald van den Belt.
Gerald van den Belt en Ard de Graaf © Orange Pictures
"Het is een heel sympathiek bestuur en een heel sympathieke club", sa begjint Van den Brink syn ferhaal. "Ze zijn ambitieus over het nieuwe stadion en dat enthousiasme steekt me aan."

"Steentje bijdragen"

It hat him derta set om 2.500 sertifikaten te keapjen foar 1.000 euro it stik. Dêrmei giet 2,5 miljoen euro nei Cambuur, dat de opbringst brûkt foar de ôfbou fan it nije stadion. Dêrneist lient Van den Brink de klup ek in miljoen euro, wêrmei't Cambuur romtes yn it nije stadion keapje en dêrnei ferhiere kin.
Mar wat is no krekt de reden dat Van den Brink der safolle jild yn stoppet? "Ik wil een steentje kunnen bijdragen aan de volgende stap voor al die enthousiaste mensen", seit de Ermeloër oer it nije stadion fan de Ljouwerters. "Ik hoop dat dit een energieboost geeft en dat ze dit jaar kunnen handhaven."
Sertifikaten binne lykwols wat oars as oandielen. It is net sa dat Van den Brink him no ynkeapet yn de klup en ynfloed útoefenje kin op it bestjoeren fan Cambuur. Al seit er dat dat ek net syn bedoeling is. "Van voetbal hebben we net zoveel verstand als alle supporters."
Dat zou de enige plek zijn die wij willen invullen. En misschien ikzelf wel.
Bert van den Brink sil nei alle gedachten in plak ynnimme yn it stichtingsbestjoer
Dochs is der wol in wize wêrop't Van den Brink wól ynfloed krije kin. Ut namme fan de sertifikaathâlders binne der yn it stichtingsbestjoer fan Cambuur twa sitten beskikber. Dy sitten wurde no ynnaam troch Gerrit Beeksma en Erik van der Waard.

Sit yn it stichtingsbestjoer

De sit fan Van der Waard komt lykwols beskikber, om't hy foardroegen wurdt by de ried fan kommissarissen. Der moat dus in oar komme dy't fanút de sertifikaathâlders yn it stichtingsbestjoer sitting nimt.
Op moandei 13 juny is der in fergadering wêrop't de sertifikaathâlders stimme sille oer de kandidaat dy't foardroegen wurdt foar it stichtingsbestjoer. Dêr hat Van den Brink wol earen nei. "Dat zou de enige plek zijn die wij willen invullen. En misschien ikzelf wel."
Om't Van den Brink fierwei de measte sertifikaten hat, kin hy derfoar soargje dat oare kandidaten fuortstimd wurde. Dêrmei kin hy sels it plak yn it stichtingsbestjoer ynnimme.
Ympresje fan it nije Cambuurstadion © Van Wijnen Noord en Oost
It jild dat de ferkeap fan de sertifikaten Cambuur opsmyt, wurdt brûkt foar de ôfbou fan it nije stadion. It is net sa dat it spilersbudzjet fan de klup no ynienen omheech giet. Dat budzjet kin wol grutter wurde as de Ljouwerters aansen yn it nije stadion spylje en mear jild fertsjinje.
Dêr hat Van den Brink ek wol in gedachte by. Nettsjinsteande dat Cambuur net de klup is dêr't er as lyts jonkje al nei takaam, is hy nei eigen sizzen wol fan fan de klup wurden. Hy is fan doel om kommend seizoen hast alle thúswedstriden by te wenjen.
Een plek in de top drie zou ik leuk vinden, maar dat is een utopie.
Bert van den Brink
Wat is yn de eagen fan Van den Brink de folgjende stap dy't Cambuur op sportyf mêd sette kin? "Leuke wedstrijden spelen met stabiele prestaties, zoals afgelopen seizoen. En dat we meer winnen dan verliezen."
Yn syn wyldste dreamen docht de ploech fan trainer Henk de Jong it nóch better. "Een plek in de top drie zou ik leuk vinden, maar dat is een utopie", laket Van den Brink.