SC Cambuur spilet lyk yn oefenwedstriid tsjin SV Meppen

Tom Boere © Dijks Fotografie
SC Cambuur hat de earste oefenwedstriid fan it nije seizoen lykspile. Yn Koarnjum waard it troch in lette lykmakker fan Cambuur noch 2-2.
De Dútske tsjinstanner spilet yn de tredde Bundesliga en is al wat langer dwaande mei de tarieding. Cambuur is oardel wike lyn úteinset. Dochs wie de start fan Cambuur goed.
Al nei tsien minuten skeat Mees Hoedemakers it earste doelpunt fan it nije seizoen binnen. Hy helle út krekt bûten it strafskopgebiet wei en liet de keeper fan SV Meppen kânsleas.
Robin Maulun fan SC Cambuur © Dijks Fotografie
Beide ploegen giene dêrnei wol aardich lykop, al krigen de Ljouwerters wol krekt wat bettere mooglikheden. Skoard waard der lykwols net mear yn de earste helte. Yn it skoft wiksele trainer Henk de Jong syn ploech op meardere posysjes.
SV Meppen kaam yn de twadde helte al gau op likense hichte. In foarset fan de linkerkant koe maklik binnentikke wurde troch Morgan Faßbender. Dêrnei waard de wedstriid wat grimmitiger mei wat opskuor en meardere giele kaarten ta gefolch.
Besjoch hjir de 1-2 en 2-2 by Cambuur tsjin Meppen
Fia David Sambissa en Robin Maulun hie Cambuur wer op foarsprong komme kinnen, mar de iene Frânsman skeat oer en de oare yn de hannen fan de keeper. Tsien minuten foar tiid kaam Meppen op foarsprong. Faßbender makke mei in skot yn de koarte hoeke de 2-1. Cambuur-keeper Brett Minnema hie der gjin antwurd op.
It waard dochs noch gelyk. Wylst der krekt in giele reekbom op it fjild lei yn it strafskopgebiet fan Meppen, skode Mitchel Paulissen de bal yn de fiere hoeke. Beide ploegen krigen dêrnei noch in kâns op de winnende goal, mar it bleau by 2-2.
Trainer Henk de Jong koe libje mei it lykspul tsjin SV Meppen